It boeredoarpe sil syn namme ûntliend hawwe oan de Drait, yn 1543 noch Dracht neamd. Der wurdt oannaam dat Noarder- en Suder drachten om 1150 ûntstien binne.[1]
Oant 1667 foarmen Noarder- en Suder Drachten in tsjerklike kombinaasje mei Boarnburgum en Koartehimmen. Doe waarden de beide doarpen te grut en kaam der ien predikant foar de beide Drachtens.[2]
Op it plak fan de âlde tsjerke fan Suder Drachten is om 1900 it Suderbegraafplak (Burg. Wuiteweg 85) oanlein.[3]