Jan Wuite wie in soan fan Jan Jans Wuite en Esther Geerts Pijlman. Wuite wurke nei de mulo ynearsten yn de feanterij fan syn famylje yn Vroomshoop, mar fielde mear fan de lânbou. Hy studearre oan de lânbouskoalle yn Grins. Dêrnei sette er útein mei in eigen lânboubedriuw en wie dêrneist ek maatskiplik wakker warber[1]. Hy wie foarsitter fan de Friese Maatschappij van Landbouw (1919-1930). Yn 1927, by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Mij, waard er beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Teffens wie er ûnder oare sekretaris fan de Fryske Vereniging voor Vreemdelingenverkeer.
Hy wenne yn it boargemastershûs oan de hjoeddeiske Boargemaster Wuitewei yn Drachten, dy't yn 1942 nei him ferneamd waard, dat yn 1914 boud is troch arsjitekt Cees Rienks de Boer yn opdracht fan ryksfeearts De Boer.
Wuite stoar yn 1946, yn de âldens fan 69 jier, yn De Haach en waard te hôf brocht yn syn berteplak Tsjalbert.