De VVV bestiet út in lanlike koepelorganisaasje, VVV Nederlân, dêr't pleatslike en regionale VVV's, lykas VVV Fryslân, by oansletten binne. Dy pleatslike of regionale buro's binne gearwurkingsferbannen fan pleatslike of regionale rekreaasjebedriuwen en -ynstânsjes, dy't bedoeld binne om safolle mooglik toeristen en rekreänten nei harren stêd of streek te lokjen. De VVV wurdt finansierd de ferkeap fan saken dy't toerisme en rekreaasje fasilitearje, lykas lânkaarten, plattegrûnen, reisgidsen, kadobonnen en sûvenirs. Dêrnjonken drage sawol de dielnimmende bedriuwen as de fertsjintwurdige gemeenten finansjeel by oan 'e aktiviteiten fan 'e VVV.
Skiednis
It earste VVV-buro waard yn Nederlân yn 1885 oprjochte yn Falkenburch oan de Geul, yn Súd-Limburch. Yn 1910 bestiene der yn it hiele lân al 88 ôfdielings fan 'e VVV, wêrby't yn totaal 429 fêstigings oansletten wiene. Dêrnjonken wiene der ek noch 11 regionale buro's. De hiele organisaasje waard doe draaiende holden troch 1.300 wurknimmers en 1.000 frijwilligers.