De Stúdzje Fryske Taal en Kultuer, ek wol it Frysk Ynstitút, is in stúdzjerjochting fan de Ryksuniversiteit Grins.
De eardere stúdzjeferiening fan de feriening hyt Skanomodu. Mei yngong fan it akademysk jier 2013-2014 waard de namme fan de oplieding offisjeel "Minorities and Multilingualism". De tsjintwurdige stúdzjeferiening draacht de namme Multi.
Ynhâld
De stúdzje doarret trije jier en stiet yn it ramt fan de bestudearring fan de Fryske taal en kultuer, fan it heden en it ferline. Der wurdt ûnder oare omtinken jûn oan de posysje fan it Frysk as minderheidstaal yn Nederlân. Dêrneist kin der troch minoaren keazen wurde foar fierdere spesjalistyske rjochtingen, bygelyks de taalwittenskip, sjoernalistyk of skiednis.
Inkele fakken dy't jûn wurde binne:
- Ynlieding yn de Frisistyk
- Skiednis fan Fryslân
- Skiednis fan de Fryske taal
- Skiednis fan de Fryske literatuer
- Frysk as minderheidstaal
- Aldfrysk
Skiednis
Al oan de ein fan de 19e iuw waarden der kolleezjes Frysk jûn troch de heechlearaar Willem Lodewijk van Helten. Yn 1930 krige it fak Frysk in offisjele status op de universiteit. De earste lektor yn de Fryske taal- en letterkunde waard Pieter Sipma. Yn 1941 waard der in learstoel Fryske taal- en letterkunde ynsteld, dy't letter de kearn waard fan it Frysk Ynstitút. Yn it earstoan rjochte dit ynstitút him benammen op taal- en literatuer-histoaryske projekten, bygelyks Ald- en Middelfryske en literêr-histoaryske tekstútjeften, letter kamen dêr de taalteory, de literatuerteory en de sosiolinguïstiek by. Sûnt 1951 is it mooglik Frysk as haadfak te studearjen, mar pas mei yngong fan it stúdzjejier 2003-2004 is de stúdzje útwreide mei in eigen propedeuze. De Ryksuniversiteit Grins biedt de ienige postdoktorale learareoplieding Frysk yn Nederlân.
In bekend dosint en wittenskiplik ûndersiker oan de stúdzjerjochting is Pieter Breuker. Prof. dr. Goffe Jensma is hjoed de dei heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan it Frysk Ynstitút.
Utjeften
De stúdzje Fryske Taal en Kultuer docht yn gearwurking mei it Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins sûnt 1952 de searje Estrikken. Hjiryn steane ûnder oare tekstútjeften en wittenskiplike stikken.
Dêrneist wurdt ek it blêd Us Wurk útjûn. In saneamde tydskrift foar Frisistyk. Hjiryn steane bydrages op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde. Us Wurk komt elts kwartaal út.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|