De sniemûs waard foar it earst beskreaun yn 1842 as Microtus navalis (en dus as in lid fan it skaai fan 'e fjildmûzen). Yn 1972 waard lykwols it nije skaai fan 'e sniemûzen oprjochte, en de namme Chionomys nivalis is no algemien akseptearre, hoewol't alle wederwarichheden oer de sniemûs noch net bekend binne. Fossyl bewiismateriaal wiist derop dat de sniemûs him tsjin it Lette Pleistoseen yn Jeropa ûntwikkele hat. Troch de weromlûking fan it lâniis is syn habitat sûnt de lêste iistiid ferbrokkele rekke.
Uterlike skaaimerken
De sniemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-14 sm, mei in sturtlingte fan 5-7½ sm en in gewicht fan 40-68 g. It is in mânske wrotmûs, mei in tichte, langhierrige pels dy't ljochtgriis oant brúngriis fan kleur is. De langste hierren binne hol en befetsje lucht, sadat de sniemûs goed tsjin 'e berchkjeld isolearre is. Dy hierren binne dûnkerder as de oaren, wat it bist in wat strekerich oansjen jout. De snorhierren binne wyt en ek de sturt, dy't foar in wrotmûs relatyf lang is, hat fierhinne in witige kleur. De earen stekke justjes út 'e pels wei.
Biotoop
Sniemûzen binne berchbewenners, dy't it noflikst bine boppe de beamgrins, mank rotsen en los pún op berchgreiden en -skeanten, yn rotsspjalten en op terrein mei strewelleguod en leechgroeiend beamte. Yn Frankryk komme se ek leger foar, ynsafier't dêr rotsige biotopen te finen binne, lykas by Glun, yn 'e Ardèche, en yn 'e omkriten fan Nîmes. Hoewol't de sniemûs dus ek wol op minder grutte hichten libbet, docht er it hegerop better, mei't er dêr foar syn fretten minder konkurrinsje ûnderfynt fan 'e Alpenmarmot, de stienbok en de gims. By foarkar libbet er sadwaande tusken de 1.000 en 2.500 m, mar op 'e Mont Blanc is er oant op 4.700 m hichte oantroffen. Pleatslik weaget er him deunby minsklike bebouwing en soms kringt er sels yn berchhutten troch, mar dat komt eins inkeld winterdeis foar, as it tige min waar is.
Hâlden en dragen
De sniemûs is fral yn 'e skimer warber, mar by sinneskynwaar weaget er him gauris ek oerdeis bûten om op 'e rotsen te sinnebaaien. Rinne docht er heech op 'e poaten en mei de sturt omheech. Hy graaft hoalen mei ferskate yn-/útgongen mank rotsen en beamwoartels. Simmerdeis rispet er gers en blêden, dy't er yn 'e sinne drûget om se dan yn ûndergrûnske romten op te slaan, wierskynlik om se letter te brûken as nêstmateriaal. Sniemûzen hâlde gjin wintersliep, en bliuwe dus it hiele jier rûn aktyf.
By sniemûzen hawwe sawol de mantsjes as de wyfkes territoaria. Dy fan 'e mantsjes oerlaapje inoar, en mantsjes binne ornaris frij tolerant foarinoar oer. De lytsere territoaria fan 'e wyfkes oerlaapje inoar net en wurde fûleindich ferdigene, wêrby't de wyfkes frijwat agresje foarinoar toane. De sniemûs is solitêr bist, dat inkeld yn 'e peartiid syn soartgenoaten opsiket, en soms yn 'e winter, as se inoar nedich hawwe om waarm te bliuwen en sa te oerlibjen. As lûd bringt er koarte skerpe pypkes fuort, en yn 'e peartiid in oanhâldend kwetterjen.
Dy peartiid falt foar de sniemûs, ôfhinklik fan 'e pleatslike omstannichheden, yn 'e perioade fan maaie oant septimber. Nei in draachtiid fan 3 wiken wurde der meastal 2 kear jiers 1-4 (mar yn trochsneed 3) jongen te wrâld brocht. Mei 18 dagen wurde dy ôfwûn en mei 4 wiken binne se selsstannich. Oant en mei de winter hâlde se ta yn it territoarium fan 'e mem. Se binne yn 'e regel pas it jiers nei har berte geslachtsryp. De libbensferwachting bedraacht by sniemûzen 2-4 jier. Har wichtichste natuerlike fijannen binne de harmeling, de wezeling, de foks, de raven, de oehoe en de wâldûle.
De sniemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't de soarte it noch altyd goed docht yn syn natuerlike habitat en dêr rûnom foarkomt, nettsjinsteande it fragmintaryske ferspriedingsgebiet. De populaasje liket stabyl te wêzen en hat foar safier bekend net mei spesifike bedrigings te krijen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.