De Wytsinge delsetting Hedeby, dy't súd fan de stêd lei, waard foar it earst neamd yn 804. In wichtige delsetting, dy't it Baltyske gebiet goed 200 jier behearske. Neidat it plak ferskate kearen ferwoastge west hie, ferhuze de befolking yn 1050 nei de oare kant fan de Schlei en dêr ûntstie de stêd Sleeswyk. Guon saakkundigen wolle hawwe dat beide delsettingen yn deselde snuorje stifte binne.