By it útbrekken fan de kriich hie Coastal Command 3 squadrons mei Sunderlands yn tsjinst.
It tastel waard ynset by de U-boatbestriding op de Atlantyske Oseaan en it rêden fan seelju.
In ferneamd wapenfeit fan in Sunderland is de rêding op 21 april 1939 fan 34 bemanningsleden fan it torpedearre keapfeardijskip 'Kensington Court'. By de evakuaasje fan Kreta, in gefolch fan de lâning op Kreta, hat ien Sunderland ris 87 persoanen ferfier.[1]
In tal Sunderlands is ek ynset by de Berlynske loftbrêge, dy't West-Berlyn befoarriedzje moast. De Sunderlands fleagen fanôf de Elbe by Hamburg-Finkenwerder nei de Tegeler See yn Berlyn.
Sunderlands fan de RAF hawwe ek noch tsjinne yn de Koreaanske Kriich en binne oant 1959 yn tsjinst bleaun. De Keninklike Nij Seelânske Loftmacht (Royal New Zealand Air Force, RNZAF) hat se lykwols earst yn 1967 fuortdien.
In tal Sunderlands binne omboud ta passazjierstastellen, de Short Sandringhams, dy't op plakken oant 1974 (!) noch brûkt binne.
2× M2 Browning 0.50 inch (12.7 mm) masinegewear (sjoch: .50)
ferskaat oan definsive en offensive munysje, sa as: bommen, minen, djiptebommen dy't binnenyn en ûnder de wjukken meinaam wurde. Fierders fakkels, markearguod en reekbommen