Ripperda

Wapen fan Ripperda-Petkum
Wapen fan Ripperda
Wapen fan Ripperda-Cosyn
Wapen fan de Hartoch de Ripperda

Ripperda is de namme fan in âld aadlike laach fan haadlingen út East-Fryslân en de Ommelannen. Leden fan de famylje hawwe in wichtige rol spile yn de skiednis fan Jeropa as soldaten, politiken en diplomaten.

Oarsprong

De oarsprong fan it laach is net hielendal wis. De namme fan it laach Ripperda komt nei alle gedachten fan de manlike foarnamme Rippert (Rupert), lykas oare Fryske laachnammen eins patronymika binne. In oare mooglikheid is de namsôflieding fan: reit das pferd da, yn ferbân mei it hynder yn it wapen fan de Ripperda’s. Ek bestiet der in soarte fan ‘famyljetradysje’ dat in protte leden fan it laach op it hynder ferstoarnen, de saneamde Ripperda-dea.

It laach is oarspronklik út East-Fryslân wei kaam en fêstige har al foar de 14e iuw yn de Ommelannen. De famylje hie in wichtige rol yn it bestjoer fan dy kriten. Yn de 16e, 17e, en 18e iuw hienen leden fan it laach ek belangrike funksjes yn de Nederlannen en Westfalen. De famylje wie yn dy tiid ien fan de wichtichste famyljes fan dizze regio. Dat kaam ûnder oare troch houliken mei oare wichtige famyljes. Se makken diel út fan de Ridderskippen fan Oerisel, Drinte, Sutfen, Múnster en Minden. It laach is nau besibbe mei meardere treftige, aadlike lagen yn Nederlân en Dútslân, lykas Van Ewsum, Van Pallandt, Rengers, Clant, Von Inn- und Knyphausen, Van Twickel, Van Baer, De Vos van Steenwijk, Von Schele, Von Múnchhausen, Stael von Holstein, Von Múnster en Von Oldenburg.

Stamheit

It âldste argyfstik dat ferwiisd oan de famylje Ripperda komt fan 1057. Mar de formele stamheid fan de Ripperda’s is Uniko I Ripperda, dy’t tusken de jierren 1375 en 1398 yn fiif ferskate oarkonden foarkomt as haadling en proast fan Farmsum. Yn manlike line komt it hjoeddeistige geslacht fan him ôf.

Ryksbaronnen

Al yn 1474 waard Uniko II Ripperda en syn neikommelingen troch keizer Frederik III fan it Hillige Roomske Ryk as ryksonmiddelbare haadling en frijhear (baron) mei muntrjocht erkend. Op 3 septimber 1676, Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk erkende it aadlik wêzen en befêstige de titel baron foar alle leden fan it hûs Ripperda.

De famylje tsjintwurdich

De Nederlânske stagen fan Eastenwytwerd, Winsum, Farmsum, Vorden en Weldam rekkenen foar 1800 fuort. De Dútske staach fan Petkum stoar om 1739 hinne út, de Nederlânsk-Eastenrykske staach fan Boksbergen yn 1920 en de laach fan Ellerbuarch yn Dútslân koart nei de Twadde Wrâldkriich. Inkeld de Ellerbuarchske staach yn Denemark en de Dútsk-Nederlânske sydstaach Von Ripperda-Cosyn (Cosijn von Ripperda) hawwe noch inkelde stamhâlders.

Ta beslút libje tal fan ôfstammelingen fan in bûtenechtlike staach yn Dútslân en de Feriene Steaten. De Ripperda’s dy’t yn de 19e en de 20e iuw foarkomme yn Grinslân en op oare plakken yn Nederlân binne ferneamd nei de pleats Ripperda, troch de nammejouwing fan Napoleon. Dizze pleats is boud op rêsten fan de eardere Ripperdaborch by Winsum. It giet hjir dus net om leden fan it âld-aadlike laach.

Telgen

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Genealogie van het Geslacht Ripperda van mr. C.P.L. Rutgers (1902)
  • Genealogie über 16 Generationen des Reichsfreiherrlichen Geschlechtes von Ripperda van Udo Reichsfreiherr von Ripperda (Koningsbergen, 1934)
  • Huisarchief van Farnsum in het archief van de Hoge Raad van Adel, Den Haag
  • Een Spaanse Groninger in Marokko. De levens van Johan Willem Ripperda (1682-1737) van Sytze van der Veen (2007)
  • Huisarchief van de familie Cosijn von Ripperda
  • Genealogisches Handbuch des Adels - Freiherrliche Häuser
  • Almanach de Gotha

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!