Richard Wright wie yn 1965 ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Hy spile yn 'e earste jierren in wichtige rol en brocht ferskate nûmers yn yn it repertoire fan 'e band. Letter soe Wright him minder dwaande hâlde mei it skriuwen fan teksten, en him mear talizze op it skriuwen fan ynstrumintale nûmers. By de opnamen fan The Wall waard hy troch Roger Waters oan de kant set, it resultaat fan sawol groeiende ûnmin tusken Waters en Wright, en ek fan persoanlike problemen. Hy waard lykwols wol as sesjemuzikant ynhierd by de toernee dy't folge op it ferskinen fan The Wall. Mei hat Richard Wright offisjeel tsien studioalbums útbrocht.
Solo karriêre
Syn earste soloprojekt wie it album Wet Dream yn 1978. Ek brocht er noch in tal albums út mei oare muzikanten ûnder oaren yn 1970 mei earder Pink Floyd sjonger Syd Barrett. Yn 1996 kaam syn twadde solo-album út hjirop wurke Wright gear mei Sinéad O'Connor. Solo hat Richard Wright twa studioalbums útbrocht.
Priveelibben
Yn 1964 boaske Wright mei Juliette Gale sjongeres fan ien fan de bands dy't foarôf giene oan Pink Floyd hja giene yn 1982 by inoar wei. Nei Gale boaske Wright yn 1984 mei Franka dit houlik duorre oant't 1994. Yn 1995 gie er foar de tredde kear in houlik dis kear mei Mildred Hobbs it hâld stân oant 2007. Wright hat twa bêrn út de lêste twa houliken. Yn 2008 ferstoar Richard Wright op 65 jierrige leeftiid oan de gefolgen fan longkanker.