Prins Karls Forlân (as Forlandet) is ien fan de eilannen fan de arsjipelSpitsbergen yn de Noardlike Iissee. It leit bewesten it eilân Spitsbergen. It ûnbewenne eilân, mei in langte fan 86 km en in oerflak fan 640 km², is part fan it Natuerreservaat Forlandet.
Skiednis
It eilân waard yn 1596 troch Willem Barentsz sjoen. De IngelskeûntdekkingsreizgerJonas Poole neamde it yn 1610Black Point Isle. Om 1612 hinne waard it eilân oantsjut as Prince Charles' Foreland (ferneamd nei kening James I fan Ingelân syn soan Charles) troch Ingelske walfiskfarders. De Nederlanners praten fan it Kijneilân, neamd nei in keapman dy't yn 1612 in hichte beklom, foel, en syn nekke bruts. De Ingelsken bouden in tydlik walfiskstasjon op de noardpunt fan it eilân, Fair Foreland neamd (no Fuglehuken). Teffens hawwe de Pomoaren harren spoaren neilitten op it eilân.