Jonas Poole

Jonas Poole (doopt 1566 - 1612)[1] wie in Ingelsk, seehûnejager en walfiskjager yn de iere 17e iuw. Hoewol't Henry Hudson faak beskôge wurdt as de 'heit fan de Ingelske walfiskjacht', fertsjinnet Poole, waans reis fan 1610 late ta it ûntstean fan Ingelske walfiskjacht en -ferwurking, feitlik dy titel.

Reizen nei Beareneilân, 1604-1609

Poole tsjinne op fartugen fan de Moskovyske Hannelskompanjy op reizen nei Beareneilân yn 1604, 1605, 1606, 1608, en 1609. Yn 1607 wie er ûnder de seefarders dy't Jamestown yn de Nije Wrâld stiften. Hy siet by de 24 kolonisten laat fan kaptein Christopher Newport dy't maaie fan dat jier de bopperin fan de James ferkenden oant de wetterfallen by it Richmond, Firginia fan no ta. Yn 1606 krige er it kommando oer in 20-tons sloep, 1608 late er it skip de Paul en yn 1609 wie er kaptein op de Lioness.

Reizen nei Spitsbergen, 1610-1612

1610

1610 waard Poole fannijs nei Beareneilân stjoerd om op walrus te jeien en om in passaazje nei de Noardpoal te sykjen. Hy krige it bewâld oer de 70-tons Amity. Hy liet Beareneilân links lizze en farde lyk op Spitsbergen oan. Willem Barentsz syn ferkenning fan Spitsbergen hie mar in pear wike duorre en Hudson hâlde in lytse moanne yn de krite ta, mar Poole syn ferkenning fan de westkust duorre trije moannen. Wilens waard der ek op walrus, Iisbear en rindier jage. Op 6 maaie krige er in berch op de súdkust fan Spitsbergen yn it each dy't er 'Moskovyske Kompanjyberch' doopte (no de Hornsundtind). Hy sylde nei it noarden en ferkende yn lyts fjord. De ferkenners kamen werom mei in stik rindierhoarne, dat Poole neamde it fjord Horn Sound (Hornsund).

By deselde reis beneamde er ek Ice Point (Ispynten), Bell Point (no Kapp Lyell), Bell Sound (Bellsund), Point Partition (Midterhuken), Low Sound (Van Mijenfjorden), Lowsoundness (Lågneset, yn it Noarsk), Ice Sound (Isfjorden), Green Harbour (Grønfjorden), Osborne Inlet (St. Jonsfjorden), Black Point (Salpynten), Black Point Isle (Prins Karls Forland), Foul Sound (Forlandsundet), Cape Cold (Kaldneset), Fair Foreland (Fuglehuken), Deer Sound (Kongsfjorden), Close Cove (Krossfjorden), Cross Road (Ebeltofthamna) en Fairhaven (Smeerenburchfjorden).

Poole fûn ek "fins" (balein) en blubber fan de Grienlânske walfisk op de kust, mar besocht sels net om walfisken te fangen om't de Basken it iennige folk wienen mei doel oer walfiskjacht.'

1611

Poole syn ferslach oer it tal walfisken yn de wetters om Spitsbergen wie oanlieding foarde Moskovyske Kompanjy om dêr twa skippen hinne te stjoeren yn 1611. De 60-ton bark Elizabeth, waard stjoerd om de 150-ton Mary Margaret, ûnder Stephen Bennet, te begelieden op in ekspedysje nei it eilân. Poole wie kaptein op de Elizabeth en moast lieding jaan oan beide skippen. De Mary Margaret hie Thomas Edge oan board, dy't oer de lading fan de skippen gie. Under de bemanning wienen seis saakkundige Baskyske walfiskjagers fan Saint-Jean-de-Luz.

De ekspedysje sette april út ein yn Blackwall, mar op 65° NB ferlearen de twa skippen elkoar út it each yn in fûle stoarm. Mids-maaie fûnen sy elkoar wer en silen se nei Cross Road dêr't sy ein maaie oankamen. De Mary Margaret jage yn juny op walfisken en walrussen, wylst Poole it súdwesten ferkende op syk nei Henry Hudson's Hold with Hope. Doe't er dat lân fûn hie (wierskynlik east-Grienlân) op 74°, farde er nei it noarden nei Beareneilân, dêr't er 29 juny te'n anker gie.

Let yn july moete Poole trije seelju dy't stjoerd wienen troch Edge en Bennet. Sy ferhellen oer it teloar gean fan de Mary Margaret; it skip waard troch it iis it strân fan de Foul Sound opdreaun. Him waard ferhelle dat trittich manlju op de súdkust fan it eilân lâne wienen en dat twa boaten mei njoggen man fan dy groep skieden rekke wie by de Horn Sound.

Poole farde nei de súdkant fan it eilân om de manlju op te heljen en sylde doe nei Spitsbergen. Yn de Foul Sound fûn er de oare bemanningsleden fan de Mary Margaret's, dy't dêr hinne brocht wienen troch in skip út Hull, de Hopewell, ûnder kaptein Thomas Marmaduke. Op 7 augustus, by it oerladen fan de lading fan de Mary Margaret yn de Elizabeth, kapseisde dy lêste troch te min ballast oan board. Poole wie op it stuit yn it rûm en koe alline mei in soad muoite 't it skip komme en sa it oerflak berikke en oppikt wurde. Poole rekke ferwûne, briek ferskate bonken, mar oerlibbe it ûngemak.

Yn trije boaten roeiden de manlju fan de Elisabeth nei de Hopewell. Marmaduke woe har lykwols net helpe en die war mei lânsen en sôken om de manlju fan syn skip te hâlden. Uteinlik koene Edge en oaren Marmaduke oerhelje om harren thús te bringen, mar der moast wol foar betelle wurde.

1612

Yn 1612 gie Jonas Poole wer nei Spitsbergen op walfiskjacht. Der waarden twa skippen stjoerd, de Whale, ûnder John Russell en de Sea Horse, ûnder Thomas Edge. Poole siet op it lêste skip, faaks as stjoerman.

De ekspedysje ferfarre ier yn april en kaam nei in moanne bt Beare-eilân oan, 25 maaie wienen hja yn de Foul Sound. Oare deis kamen noch twa skippen yn de baai oan. Ien dêrfan kaam út Nederlân, dy't hja earder al út de kust fan Beareneilân moete hiene. De oare wie in Ingelske interloper út, de Diana, út Londen, ûnder bewâld fan Thomas Bustion. Beide sylden in dei letter fierder. Begjin juny kamen sy in oare interloper tsjin, de Hopewell fan Hull, wer ûnder Thomas Marmaduke, dy't doe faaks tarist wie foar de walfiskjacht.

Iere juny hienen de Baskyske walfiskjagers — faaks út St. Jean de Luz — al ferskate walfisken fongen. Letter yn dy moanne sei Poole dat der safolle walfisken yn de baai wienen dar er se net telle koe. Op 30 juny skreau er: "there lay abundance of huge Whales in the harbour about our ships." "All this day whales lay so thick about the ship, that some ran against our Cables, some against the Ship, and one against the Rudder. One lay under our beakhead and slept there a long while." De skippen gienen letter yn it jier werom nei Londen mei 180 ton oalje fan santjin Grienlânske walfisken en twa walrussen oan board.

Op de ein fan de reis waard Poole "miserably and basely murdered" tusken Ratcliff en Londen.

Neitins

In protte nammen (de wichtichsten: Hornsund, Bellsund en Isfjorden) dy't Jonas Poole oan lânskipspunten op de westkust van Spitsbergen joech binne der hjoededei noch, oaren binne fergetten as feroare. Poolepynten (Punt Poole), op de súdwestkust fan Prins Karls Forland, waard ta syn eare nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Conway, W. M. 1906. No Man’s Land: A History of Spitsbergen from Its Discovery in 1596 to the Beginning of the Scientific Exploration of the Country. Cambridge: by University Press.
  • Purchas, S. 1625. Hakluytus Posthumus or Purchas His Pilgrimes: Contayning a History of the World in Sea Voyages and Lande Travells by Englishmen and others. Diel XIII en XIV (Werprint 1906 J. Maclehose and sons).
  • Norwegian Polar Institute Plaknammen yn feitebank Spitsbergen
  1. Oxford Dictionary of National Biography (2004).

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!