Ponca City (Oklahoma)

Ponca City
De optocht yn it ramt fan Feteranedei giet troch Ponca City.
De optocht yn it ramt fan Feteranedei giet troch Ponca City.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oklahoma
County Kay County
Osage County
Sifers
Ynwennertal 25.389 (2010)
Oerflak 50,0 km² (ynkl. wetter)
46,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 533,5 / km²
Hichte 308 m
Oar
Stifting 1893
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 36°42′45″N 97°04′21″W
Offisjele webside
poncacityok.gov
Kaart
Ponca City (Oklahoma)
Ponca City
De lizzing fan Ponca City yn Oklahoma.

Ponca City (Pâny: Riihitáwiru) is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma, dy't ferneamd is nei de Ponka-Yndianen. Dit plak leit foar it meastepart binnen Kay County, mar stiket justjes út oer de grins fan it oanbuorjende Osage County. It hat in oerflak fan 50 km², ynkl. de klokslach, en leit deunby (mar net oan) de rivier de Arkansas. It súdlik fan Ponca City leine White Eagle is in útbuorren dy't bestjoerlik en postaal ûnder Ponca City falt. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Ponca City doe rom 25.000 ynwenners.

Skiednis

Ponca City waard yn 1893 stifte, nei't it Amerikaanske regear de Sjeroky-útlit frijjûn hie foar kolonisaasje troch de blanken. Dat barde ûnder de saneamde Lânwedrin fan 'e Sjeroky-stripe, de grutste lânwedrin út 'e Amerikaanske skiednis. It plak foar Ponca City waard útkeazen op basis fan 'e neite fan 'e rivier de Arkansas, en de plattegrûn fan 'e stêd waard makke troch in Burton Barnes, dy't neitiid de earste boargemaster fan Ponca City waard en foar de stêd in stasjon oan 'e Atchison, Topeka and Santa Fe Railway wist te bemachtigjen. Yn 1899 krige Ponca City stedsrjochten. It plak hiet yn it begjin trouwens New Ponca, en dy namme waard pas yn 1913 feroare yn Ponca City.

It Poncan Theatre, in nasjonaal monumint.

De stêd is ferneamd nei de Ponka (Ingelsk: Ponca), in Yndiaansk folk út Nebraska dat yn 1877 troch de Amerikanen deportearre waard nei wat doe it Yndiaanske Territoarium wie (dat letter Oklahoma kaam te hjitten). Nei in reis te foet fan mear as 800 km mei lytse bern en krebintige âlderein by har arrivearren de Ponka te let yn wat no noardeastlik Oklahoma is om dat jiers noch te siedzjen en te rispjen, en boppedat levere it Amerikaanske regear harren net, sa't ôfsprutsen wie, it lânbougereid en siedsied dêr't se ferlet fan hiene. Yn 1878 ferfearen se goed 240 km nei it westen ta en setten se har nei wenjen fuort besuden it hjoeddeistige Ponca City, om White Eagle hinne.

Dêr hiene de Ponka de earste jierren slim te lijen fan malaria, honger en ûnderfieding, mei as gefolch dat hast in trêdepart fan 'e stamme omkaam. It opperhaad Steande Bear kearde yn 1879 mei 65 folgelingen werom nei Nebraska, mar om't er dêr gjin tastimming foar hie, waard er mei syn groep oppakt troch it Amerikaanske Leger om weromstjoerd te wurden nei Oklahoma. Hy spande lykwols de rjochtsaak Standing Bear v. Crook oan tsjin 'e Amerikaanske oerheid (yn 'e persoan fan brigadegeneraal George Crook), en wist nei in geunstige rjochterlike útspraak tastimming te krijen om yn Nebraska te bliuwen. Yn Ponca City stiet hjoed de dei in grut stânbyld fan Steande Bear yn it park dat nei him ferneamd is.

De skiednis en ekonomy fan Ponca City waarden fan likernôch 1900 ôf fierhinne behearske troch de ierdoaljeyndustry. E.W. Marland, in oaljemagnaat út Pennsylvania, sette him yn Ponca City nei wenjen en rjochte dêr de Marland Oil Company op, dy't op in stuit sizzenskip hie oer 10% fan 'e oaljereserves fan 'e hiele wrâld. Ek pachte Marland lân fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma, en stifte er de 101 Ranch Oil Company, dy't sitewearre wie op it lân fan 'e bekende 101 Ranch fan 'e bruorren Miller. Yn 1932 waard er yn it Amerikaanske Kongres keazen, en yn 1934 waard er gûverneur fan Oklahoma.

It stânbyld fan it Ponka-opperhaad Steande Bear yn Ponca City.

Hoewol't de ekploitaasje fan 'e pleatslike oaljefoarrieden in mjitte fan wolfeart yn Ponca City brochten dy't earder op 'e prêrje fan Oklahoma frijwol net foar te stellen west hie, soarge it ek foar problemen, lykas doe't de oaljeraffinaderijen jierrenlang harren ôffal sûnder mear yn 'e rivier de Arkansas loasden en dêrmei in miljeuramp feroarsaken. Ein jierren tweintich gie de Marland Oil Company op yn Conoco (folút: de Continental Oil Company), dy't noch oan 1949 syn haadkertier yn Ponca City hold. Conoco kaam yn 1981 yn 'e hannen fan 'e DuPont Corporation, dy't it bedriuw nei in oanhâldende delgong fan 'e oaljeprizen yn 1998 ferkocht. Yn 2002 fúzjearre it mei Phillips Petroleum ta ConocoPhillips, dat no de op twa nei grutste ûndernimming yn 'e Amerikaanske ierdoaljesektor is. Troch de ôfnimmende wurkgelegenheid yn 'e oaljeyndustryd is de befolking fan Ponca City sûnt de iere 1990-er jierren stadichoan belune.

It stânbyld fan oaljemagnaat en politikus E.W. Marland, dy't in grutte rol spile yn 'e skiednis fan Ponca City.

Ponca City hjoed de dei

Yn Ponca City binne de Cann Memorial Botanical Gardens, in botanyske tún, oanlein, en ek stiet der it Tinkteken foar de 101 Ranch. Yn it Standing Bear Park stiet it Tinkteken foar Steande Bear (yn 'e foarm fan in 6.70 m heech brûnzen stânbyld) en teffens is yn datselde park it Standing Bear Museum and Education Center fêstige. Fierders binne trije gebouwen yn Ponca City, it Poncan Theatre, de Marland Mansion en it Marland's Grand Home, opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. De Ponka Stamme fan Oklahoma hat syn haadkertier yn White Eagle, dat ûnder Ponca City falt. Ta einbeslút stiet yn Ponca City ek it Pioneer Woman Museum en it Pioneer Woman-stânbyld, wêrmei't de oantins oan 'e iere froulike pioniers fan it Wylde Westen libben holden wurdt.

Susterstêden

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Ponca City doe in befolking fan 25.387 minsken. De befolkingstichtens bedroech 533,5 minsken de km². Fan 'e befolking wie 17,7% âlder as 65 jier en 26,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 34,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 79,8% blanken; 6,3% Yndianen; 4,4% Latino's; 3,0% swarten; 0,7% Aziaten; 5,8% oaren of fan mingd etnysk komôf. It grutste part fan 'e Yndiaanske ynwenners bestiet etnyske Ponka (Ponca), Osadzje (Osage), Tonkawa (Tonkawa) en Pâny (Pawnee).

It stânbyld fan 'e Pioneer Woman.
De Marland Mansion, in nasjonaal monumint.

Berne yn Ponca City

Stoarn yn Ponca City

Klimaat

Ponca City hat in lânklimaat, mei gleonhjitte simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,5 °C (en nachts –4 °C). Ponca City kriget jiers trochinoar 924,8 mm delslach, wêrfan it measte yn 'e perioade tusken maart en oktober. Fan novimber oant en mei febrewaris is it oansjenlik drûger, hoewol't der yn guon winters sniestoarmen en in protte izel yn it gebiet foarkomme kinne. De stêd leit fierders yn 'e saneamde tornado alley, it diel fan 'e Feriene Steaten mei de grutste kâns op it foarkommen fan tornado's, benammen yn 'e moannen april, maaie en juny.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!