De lânseigen Hawaïanen neamden Pearl Harbor Wai Momi ("Pearelwetters") of Pu‘uloa ("Lange Heuvel"). It waard troch harren sjoen as it wenplak fan Ka‘ahupahau, de goadinne fan 'e haaien, en har broer (of soan) Kahi‘uka. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Hawaïanen soe de haadmanKeaunui de trochgong tusken de lagune en de Stille Oseaan, by de sâltpannen fan Pu‘uloa, djipper en breder meitsje litten hawwe, sadat Pearl Harbor tagonklik waard foar skippen. Dat wol sizze: foar it soarte skippen dat de lânseigen Hawaïanen brûkten. Doe't nei de ûntdekking fan HawaïWesterske skippen de eilannen begûnen oan te dwaan, koene dy Pearl Harbor net ynfarre om't de tagong dêr te ûndjip foar wie.
Op 'e iere moarn fan 7 desimber1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op Oähû. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânskekoloanjes yn Súdeast-Aazje. By dy beruchte Oanfal op Pearl Harbor waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht en kamen yn totaal oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfhâldich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.
De rest fan 'e oarloch tsjinne Pearl Harbor as befoarriedings- en reparaasjebasis foar Amerikaanske marineskippen, want de Japanners hiene der sa wis fan west dat se de oarloch yn koarte tiid yn harren foardiel beslochtsje koene, dat se net de muoite nommen hiene om 'e grutte ierdoaljedepots en de marineskipswerf op 'e basis te bombardearjen. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Pearl Harbor mei de Marinebasis San Diego de wichtichste basis foar de Amerikaanske Pasifyske Float. Op 'e boaiem fan 'e lagune lizze noch altyd de wrakken fan it slachskip de USS Arizona en it op 'e tiid fan 'e oanfal al ôftanke slachskip de USS Utah. Oer it wrak fan 'e USS Arizona hinne, oan board wêrfan't de measte deaden foelen (1.177), waard yn 1962 it Tinkteken foar de USS Arizona boud. Yn 1972 krige ek de USS Utah syn monumint.