Barack Obama

Barack Obama
politikus
echte namme Barack Hussein Obama
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 4 augustus 1961
berteplak Honolulu (Hawaï)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Iersk
Ingelsk
Lûo
partij Demokratyske Partij
prizen Nobelpriis foar de Frede 2009
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20092017
foargonger George W. Bush
opfolger Donald Trump
Amerikaansk senator foar Illinois
amtsperioade 20052008
foargonger Peter Fitzgerald
opfolger Roland Burris
Lid fan de Steatssenaat fan Illinois
(foar it 13de Distrikt)
amtsperioade 19972004
foargonger Alice Palmer
opfolger Kwame Raoul

Barack Obama (folút: Barack Hussein Obama; Honolulu, 4 augustus 1961) is in Amerikaansk jurist en Demokratysk politikus fan mingd etnysk Ingelsk, Iersk en Keniaansk Luo-komôf, dy't tusken 2009 en 2017 de 44e presidint fan de Feriene Steaten wie. Foartiid wied er abbekaat, lid fan 'e steatssenaat fan Illinois en lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Hy is de earste swarte Amerikaanske presidint. Syn foargonger wie de Republikein George W. Bush, en syn fise-presidint is Joe Biden. By de presidintsferkiezings fan 2008 fersloech er de Republikein John McCain, en by de ferkiezings fan 2012 wûn er in twadde termyn troch de Republikein Mitt Romney oermânsk te wurden. Begjin 2017 droech er it presidintskip oer oan 'e Republikein Donald Trump.

Iere libben

De heit fan Obama kaam út Kenia en syn mem wie Amerikaansk. Syn âlden gienen byïnoar wei doe't er twa jier wie; syn mem boaske mei in Yndoneezjer en Obama ferhuze mei syn mem nei Jakarta doe't er seis wie.

Doe't er tsien wie kaam er te wenjen yn Honolulu by syn pake en beppe (fan de kant fan syn mem). Syn heit ferstoar yn 1982 by in auto-ûngemak yn Kenia. Syn mem stoar oan kanker yn 1995, in pear moannen nei't Barack Obama's boek Dreams from My Father útkaam wie.

Obama is troch syn mem besibbe oan Jefferson Davis, de presidint fan de Konfederearre Steaten fan Amearika.

Obama gie twa jier nei it Occidental College yn Los Angeles, en dêrnei twa jier nei de Columbia Universiteit yn New York, dêr't er yn 1983 ôfstudearre yn de politikology mei de spesjalisaasje fan ynternasjonale betrekkings. Yn 1985 ferhuze er nei Chicago as directeur fan it Developing Communities Project.

Yn 1988 sette Barack Obama útein mei de stúdzje rjochten oan de Harvard-universiteit. Dêr moete er yn 1989 Michelle Robinson wylst hja beide oan it wurk wienen foar itselde abbekateburo, en hja boasken yn 1992. Michelle Obama is hjoed de dei fice-presidinte foar mienskipssaken fan de Universiteit fan Chicago. Hja kaam yn it nijs doe't har salaris fertrijefâldige neidat Obama senator waard. De grûn dy't dêrfoar jûn waard wie lykwols har promoasje en dêrby it oerwurk, nei de tiid dat se Obama mei syn kampanje stipe. Har nije salaris is likeheech as dat fan oare fise-presidinten.

Obama joech tusken 1993 en 2004 les yn rjocht oan de Universiteit fan Chicago. Fan 1993 oant 2002 wurke er ek noch by it abbekateburo Davis, Miner, Barnhill & Galland.

Ferkiezings 2008

Op 4 novimber 2008 wûn Barack Obama de Amerikaanske presidintsferkiezings 2008, dêr't hy sûnt 7 juny 2008 de Demokratyske kandidaat foar wie. Neffens eigen sizzen betsjut syn ferkiezing it herstel fan de wiere sjeny fan Amearika, te witten: demokrasy, frijheid, kânsen en hope. Foar it earst yn harren skiednis waard in swarte ta presidint keazen. Yn july 2008 sei Obama, dat er, as er as presidint keazen wurde soe, binnen 16 moannen de Amerikaanske militêren yn Irak weromlûke soe. [1] Op de ferkiezingsdei, 4 novimber 2008, krigen Obama en Joe Biden in mearderheid fan 365 kiesmannen fan de Electoral College en 53 prosint fan alle stimmen. Dêrfoaroer hienen de Republikeinen, John McCain en Sarah Palin, 173 kiesmannen en 46 prosint fan de stimmen. Lykop mei de ferkiezingsútslach krigen de demokraten in mearderheid yn de Senaat mei 58 sitten en de Republikeinen krigen 41 sitten, yn it Hûs fan Offurdigen krigen de demokraten 257 sitten en de republikeinen 178.[2]

Ferkiezings 2012

Op 4 april 2011 die de doetiidske presidint Barack Obama te witten dat hy him wer ferkiesber stelle soe foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012. Op 28 jannewaris 2012 makke Obama wrâldkundich dat Joe Biden fannijs syn running mate wurde soe.

Presidintskip

Earste ynauguraasje

Ynauguraasje

Op 21 jannewaris 2009 wie de ynauguraasje fan Barack Obama. De eed waard dien troch de heechste rjochter John Roberts. Robberts makke lykwols in flaterke by it foarlêzen fan de eed. Obama wist dat Roberts it net goed sein hie, mar spriek dochs syn wurden nei. In dei letter is de eed opnij dien, sadat Obama dochs formeel neffens de grûnwet ynsward waard as presidint.[3]

Ynlânske saken

Guantanamo Bay

Ien fan de earste dingen dy't er as presidint die wie it sluten fan de finzenis foar terroristen Guantanamo Bay op Kuba. [4]

Op 21 maaie 2009 sei Obama yn in taspraak oer nasjonale feilichheid, dat er in foar tige gefaarlike terroristen in wet ha woe om se langer finzen te hâlden. It langduorjende finzenskip woe Obama foar finzenen yn Guantánamo Bay ha, dy't as „tige gefaarlik“ te boek stean, en wêrfoar om ferskillende redenen gjin proses mooglik is. Hy krige fan boargerrjochteaktivisten en loftse groepen ferheftige krityk. De New York Times skreau „in folslein oar byld, as dat de boarger hie, wêrby't de minsken samar troch it regear straft wurde kinne of frijsprutsen wurde.“[5][6]

Ekonomy & sosjale saken

Op 17 febrewaris 2009 tekene Obama yn Denver it "American Recovery and Reinvestment Act of 2009", in konjuktuer program fan 787 miljard dollar, dy't de kredytkrisis wat delbêdzje moast en 3,5 miljoen arbeidsplakken meitsje soe. [7]

By syn kampanje hie Obama al sein dat hy op it mêd fan sûnens herfoarmingen trochsette woe. Foar 2013 soenen alle Amerikaanske steatsboargers in sikefersekering hawwe.[8] Nei in mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen en de Senaat koe Obama de saneamde Patient Protection and Affordable Care Act 23 maart 2010 tekenje.[9] Nei it ûndertekenjen waard de wet 25 maart 2010 fan krêft. Troch de herfoarming waarden sa'n 32 miljoen minsken fersekere dy't dêrfoar noch gjin sikefersekering hienen.[10]

Oaljeramp Golf fan Meksiko

Op 20 april 2010 rekke it boareilân Deepwater Horizon yn de Golf fan Meksiko troch in eksploazje ûnder wetter skansearre. Dêrtroch lekte in grutte mannichte oalje de see yn. De besitter fan it boareilân, BP, besocht ferskate kearen it gat fergees ticht te meitsjen. Presidint Obama wie op 2 maaie, 28 maaie en 4 juny op yn it rampgebiet. Hy joech opdracht ta in federaal ûndersyk en stelde in aparte kommisje yn dy't op it mêd fan feiligens mei nije útstellen komme moast.[11] Obama rôp de needtastân út en beslute dat der 6 moanne lang net mear board wurde mocht nei oalje yn 'e djippe see.[12] It regear fan Obama klage nei de tiid de BP oan omdat it bedriuw him net oan de feiligensregels holden hie.[13]

Bûtenlânske saken

Irak

By de ferkiezingskampanje sei Obama dat it weromlûken fan de Amerikaanske militêren út Irak net langer as 16 moannen nei syn ynauguraasje wêze soe. Yn febrewaris 2009 makke Obama bekend dat de fjochtsjende Amerikaanske ienheden yn Irak binnen 18 moanne werom helle wurde soenen. Yn augustus 2010 waarden de lêste stridende ienheden út Irak weromlutsen.[14]

TV-taspraak fan 1 maaie 2011 oer de dea fan Bin Laden

Afganistan

Yn febrewaris 2009 stjoerde Obama 17.000 soldaten nei Afganistan.[15] Op 1 desimber 2009 waarden nochris 30.000 militêren hinne stjoerd, om mei te fjochtsjen tsjin Al Kaida en de Taliban en tagelyk in bydrage leverje te kinnen oan de opbou fan it lân.[16] Op 22 juny 2011 makke Obama bekend dat 10.000 soldaten foar de ein fan 2011 werom helle wurde soenen. In oare 23.000 troepen soenen yn de simmer fan 2012 wer thús wêze moatte.[17] Yn de nacht fan 1 op 2 maaie 2011 waard Osama bin Laden yn Abbottabad (Pakistan) delsketten troch spesjale ienheden fan de Navy Seals (Operation Neptune’s Spear). Obama hie 29 april 2011 tastimming foar de operaasje jûn.[18] Nei de operaasje beslút Obama om de foto's net iepenbier te meitsjen.[19]

Nobelpriis

Op 4 juny holdt er yn de Al-Alsa-Universeit yn Kaïro in taspraak foar de islamityske wrâld. Hy oppenearre him oer in bettere ferhâlding tusken de FSA en de Islam en mear demokrasy yn de Arabyske lannen. Hy sei dat Israel gjin nije delsettings yn de Westlike Jordaanigge bouwe mocht, en woe in twa-steaten-oplossing foar Palestina ha. Dêrnei besocht er as earste Amerikaanske presidint konsintraasjekamp Buchenwald en wie by de betinking fan 65 jier D-Day. Op 9 oktober krige er nei Theodore Roosevelt en Thomas Woodrow Wilson as tredde sittende presidint fan de Feriene Steaten de Nobelpriis foar de Frede (Jimmy Carter krige dy nei syn amtstermyn). Hy krige de priis om „syn tige bysûndere krewearjen, om de ynternasjonale dimplomasy en gearwurking tusken folken fuort te sterkjen“. Hy krijt de priis op 10 desimber 2009 yn Oslo.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CNN Obama in Iraq for talks with Iraqi leaders, military 21 july 2008 Ingelsk
  2. Real Clear Politics: Presidential final results Ingelsk
  3. Groundhog Day: Obama sworn in again Ingelsk
  4. Obama signs executive order to close Guantanamo Bay Ingelsk
  5. New York Times President Obama’s proposal for a new legal system in which terrorism suspects could be held in “prolonged detention” inside the United States without trial would be a departure from the way this country sees itself, as a place where people in the grip of the government either face criminal charges or walk free. - lêst fernijd op 31 maaie 2009
  6. Zeit Online »Ist das noch unser Obama?« - lêst fernijd op 31 maaie 2009
  7. CNN.com Obama's remarks on signing the stimulus plan
  8. SignOnSanDiego.com Obama calls for universal health care within six years
  9. The New York Times Obama Signs Health Care Overhaul Bill, With a Flourish
  10. Die Zeit US-Gesundheitsreform: Obamas Triumph
  11. Telegraaf Obama laat olieramp onderzoeken
  12. De Redactie Geen zeekomkommers meer op bodem van de Golf
  13. Trouw VS klagen BP aan om olieramp
  14. Washingtion Post Operation Iraqi Freedom ends as last combat soldiers leave Baghdad
  15. The New York Times Putting Stamp on Afghan War, Obama Will Send 17,000 Troops
  16. PDF-triem fan it Wite Hûs oer de ynset fan 30.000 soldaten
  17. The New York Times Obama Will Speed Pullout From War in Afghanistan
  18. The New York Times Timeline: The Intelligence Work Behind Bin Laden’s Death
  19. CBS News Obama: Bin Laden will not walk this Earth again

Read other articles:

この項目では、越後山脈の中ノ岳について説明しています。その他の同名の山については「中ノ岳 (曖昧さ回避)」をご覧ください。 中ノ岳 北から中ノ岳を望む、越後駒ヶ岳から撮影標高 2,085 m所在地 新潟県南魚沼市・魚沼市[1][2]位置 北緯37度05分07秒 東経139度04分39秒 / 北緯37.08528度 東経139.07750度 / 37.08528; 139.07750座標: 北緯37度05分07秒 東経139

 

Artikel ini perlu dikembangkan agar dapat memenuhi kriteria sebagai entri Wikipedia.Bantulah untuk mengembangkan artikel ini. Jika tidak dikembangkan, artikel ini akan dihapus. Artikel ini tidak memiliki referensi atau sumber tepercaya sehingga isinya tidak bisa dipastikan. Tolong bantu perbaiki artikel ini dengan menambahkan referensi yang layak. Tulisan tanpa sumber dapat dipertanyakan dan dihapus sewaktu-waktu.Cari sumber: Lambang Brunei – berita · surat kabar ...

 

6 Horas de Spa-Francorchamps 2015 Campeonato Mundial de Resistencia Ronda 2 de 8 de la temporada 2015 delCampeonato Mundial de Resistencia de la FIADatos generalesSede Circuito de Spa-Francorchamps BélgicaFecha 2 de mayo de 2015Organizador Federación Internacional del AutomóvilCircuitoTipo y longitud Instalaciones permanentes7,004 Cronología 2014 2015 2016 6 Horas de Silverstone Campeonato Mundial de Resistencia de la FIA 2015 24 Horas de Le Mans [editar datos en Wikidata] ...

artikel ini perlu dirapikan agar memenuhi standar Wikipedia. Tidak ada alasan yang diberikan. Silakan kembangkan artikel ini semampu Anda. Merapikan artikel dapat dilakukan dengan wikifikasi atau membagi artikel ke paragraf-paragraf. Jika sudah dirapikan, silakan hapus templat ini. (Pelajari cara dan kapan saatnya untuk menghapus pesan templat ini) The USS Dwight D. Eisenhower USS Dwight D. Eisenhower (CVN-69) (Ike) adalah kapal induk bertenaga nuklir saat ini dalam pelayanan dengan Angkatan ...

 

1969 British filmThe Assassination Bureau LimitedU.S. theatrical release posterDirected byBasil DeardenWritten byMichael RelphWolf Mankowitz (screenplay)Based onThe Assassination Bureau, Ltd.1963 novelby Jack LondonRobert L. FishProduced byMichael RelphStarringOliver ReedDiana RiggTelly SavalasCurd JürgensCinematographyGeoffrey UnsworthEdited byTeddy DarvasMusic byRon GrainerDistributed byParamount PicturesRelease date10 March 1969Running time110 minutesCountryUnited KingdomLanguageEnglish T...

 

Еволюція Кількість гравців 2 - 4 (до 8 при грі двома наборами)Вік гравців 12+Час готування до гри <15 хвилинЧас гри 30 - 60 хвилинВплив випадковості ПрисутнійНеобхідні здібності Стратегічне мислення, Логіка Настільна гра Еволюція — настільна гра, біологічна стратегія, яка ...

Resolução 2758da Assembleia Geral da ONU Data: 25 de outubro de 1971 Reunião: 1.976 Código: A/RES/2758 (Documento) Votos: Prós Contras Abstenções Ausentes 76 35 17 3 Assunto: Restauração de direitos da República Popular da China nas Nações Unidas. Resultado: Aprovada A Resolução 2758 da Assembleia das Nações Unidas foi adotada como resposta à Resolução 1668 que exigia uma mudança efetiva na representação da China nas Nações Unidas seja determinada por dois-terços...

 

يو-754 الجنسية  ألمانيا النازية الشركة الصانعة كريكسمارينفيفت[1][2]  المالك  كريغسمارينه المشغل كريغسمارينه (28 أغسطس 1941–31 يوليو 1942)[1][2]  المشغلون الحاليون وسيط property غير متوفر. المشغلون السابقون وسيط property غير متوفر. التكلفة وسيط property غير متوفر. منظوم...

 

The Savannah TheatreAthenaeumAddress222 Bull StreetSavannah, GeorgiaUnited StatesCoordinates32°4′32.7″N 81°5′32.1″W / 32.075750°N 81.092250°W / 32.075750; -81.092250Capacity525ConstructionOpenedDecember 1818Years active201ArchitectWilliam JayWebsitewww.savannahtheatre.com The Savannah Theatre, first opened in 1818 and located on Bull Street, at Chippewa Square, in Savannah, Georgia, is one of the United States' oldest continually operating theatres. The str...

Artikel ini sebatang kara, artinya tidak ada artikel lain yang memiliki pranala balik ke halaman ini.Bantulah menambah pranala ke artikel ini dari artikel yang berhubungan atau coba peralatan pencari pranala.Tag ini diberikan pada Desember 2022. Monia ChokriChokri ca. 2014Lahir27 Juni 1982 (umur 41)Quebec, KanadaPekerjaanAktris dan sutradara Monia Chokri (lahir 27 Juni 1982) adalah seorang aktris dan sutradara film Kanada.[1] Chokri lahir di Quebec, Kanada pada 27 Juni 1982...

 

Contoh aktivitas virus. Sality adalah salah satu virus komputer (malware; malicious software) yang masuk ke dalam sistem Microsoft Windows, khususnya pada berkas yang mudah dieksekusi (executable berupa berkas dengan akhiran EXE),[1] sehingga virus akan menduplikasi dan menyebar otomatis ketika membuka berbagai program/ aplikasi pada komputer.[2] Sality disuntikan ke dalam sistem dengan tujuan merusak aplikasi serta mencuri berbagai berkas di dalamnya.[1] Nama Sality m...

 

أمين المظالم الأوروبي أمين المظالم الأوروبي   عن المنصب المعين البرلمان الأوروبي  تأسيس المنصب 1995  الموقع الرسمي الموقع الرسمي  تعديل مصدري - تعديل     أمين المظالم الأوروبي هو هيئة مشتركة بين مؤسسات الاتحاد الأوروبي التي تحاسب مؤسسات وهيئات ووكالات الاتحاد...

Neighbourhood in Peel, Ontario, CanadaErindaleNeighbourhoodAerial view of Erindale, Mississauga in 2022ErindaleShow map of Regional Municipality of PeelErindaleShow map of Southern OntarioCoordinates: 43°32′40″N 79°39′5″W / 43.54444°N 79.65139°W / 43.54444; -79.65139CountryCanadaProvinceOntarioRegional municipalityPeelCityMississaugaEstablished1805Time zoneUTC-5 (EST) • Summer (DST)UTC-4 (EDT)Forward sortation areaL5CArea code(s)905 and 289NTS M...

 

British chemist Edward Charles HowardFRSEdward Charles HowardBorn(1774-05-28)28 May 1774Died28 September 1816(1816-09-28) (aged 42)NationalityBritishOccupationChemistKnown forThe first chemical engineer of any eminenceNotable workAnalysis of the composition of iron meteoritesAwardsCopley medal for his work on mercury (1800)Howardite Edward Charles Howard FRS (28 May 1774 – 28 September 1816)[1] the youngest brother of Bernard Howard, 12th Duke of Norfolk, was a British che...

 

Village in Iğdır, TurkeyBayraktutanVillageBayraktutanLocation in TurkeyCoordinates: 40°00′19″N 43°54′38″E / 40.0054°N 43.9105°E / 40.0054; 43.9105CountryTurkeyProvinceIğdırDistrictIğdırElevation883 m (2,897 ft)Population (2022)759Time zoneTRT (UTC+3) Bayraktutan is a village in the Iğdır District, Iğdır Province, in eastern Turkey.[1] Its population is 759 (2022).[2] The village is populated by Azerbaijanis.[3 ...

Indian physical metallurgist and materials engineer Not to be confused with Indian Army officer, Dipankar Banerjee or Indian filmmaker, Dibakar Banerjee. Dipankar BanerjeeBorn (1952-02-15) 15 February 1952 (age 71)West Bengal, IndiaNationalityIndianAlma materIIT MadrasIndian Institute of ScienceCarnegie Mellon UniversityKnown forStudies on Titanium alloysAwards1987 IIM National Metallurgist's Day Award1987 DRDO Scientist of the Year Award1993 Shanti Swarup Bhatna...

 

أناستاسيوس الأول (باليونانية: Ἀναστάσιος A΄)‏، و(باللاتينية: Flavius Anastasius)‏  معلومات شخصية الميلاد 430دوريس الوفاة 9 يوليو 518القسطنطينية مكان الدفن كنيسة الرسل المقدسة  مواطنة الإمبراطورية البيزنطية  مشكلة صحية تغاير لون القزحيتين  الزوجة أريادني  عائلة أسرة ليو...

 

Combined military forces of the Uzbekistan Armed Forces of the Republic of UzbekistanЎзбекистон Республикаси Қуролли КучлариFlag of the Ministry of defence of UzbekistanFounded14 January 1992; 31 years ago (1992-01-14)Service branches Uzbek Ground Forces Uzbek Air and Air Defence Forces Uzbek River Force National Guard Border TroopsHeadquartersMirzo Ulugbek Avenue, Tashkent, UzbekistanLeadershipPresident of Uzbekistan Shavkat Mirziyoy...

Recipient of the Victoria Cross SergeantWilliam MerrifieldVC MMWilliam Merrifield after being awarded the Victoria Cross.Born9 October 1890Brentwood, Essex, EnglandDied8 August 1943Toronto, Ontario, CanadaBuriedWest Korah Cemetery, Sault Ste. Marie, OntarioAllegiance CanadaService/branchCanadian Militia Canadian Expeditionary Force Years of service1914–1919 (CEF)Rank SergeantUnit97th Regiment 2nd Battalion (Eastern Ontario Regiment)1st Canadian Division 1st Canadian Infantry Brigade 4t...

 

Blues standard first recorded by Robert Johnson Sweet Home ChicagoOriginal 78 record labelSingle by Robert JohnsonReleasedAugust 1937 (1937-08)RecordedNovember 23, 1936StudioGunter Hotel, San Antonio, TexasGenreBluesLength2:59LabelVocalionSongwriter(s)Robert JohnsonProducer(s)Don Law Sweet Home Chicago is a blues standard first recorded by Robert Johnson in 1936. Although he is often credited as the songwriter, several songs have been identified as precedents.[1] The song ha...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!