In lânkaart dy't Palm Beach sjen lit (de smelle fertikale stripe foar de kust).
De Intracoastal Waterway, in drok befearne rûte foar de skipfeart, skiedt Palm Beach fan it fêstelân fan it skiereilân. It diel fan dat wetter oan 'e eastkust fan Palm Beach hjit de Lagune fan Lake Worth; oarekant dêrfan, op it fêstelân, lizze de oanbuorjende plakken West Palm Beach en Lake Worth. Palm Beach heart ta de stêdekloft fan Miami, dat in stik súdliker leit, en is mei dy stêd ferbûn fia in frijwol oaniensletten beboude stripe lân by de kust lâns fia û.o. West Palm Beach en Fort Lauderdale.
De earste kolonisten setten har yn 1872 of dêromtrint yn wat no Palm Beach is, nei wenjen. Mear as tweintich jier lang wie it eilân in tinbefolke diel fan Lake Worth, mar yn 'e 1890-er jierren lei Henry Flagler syn Florida East Coast Railway oan, in spoarline dy't it gebiet fan bûtenôf maklik tagonklik makke. Flagler naam sels it eilân yn besit, dêr't er perselen fan ferkocht oan 'e riken fan 'e Belle Époque. De kearn fan it iere Palm Beach waard foarme troch Flagler syn beide hotels, it Royal Poinciana Hotel en it Breakers Hotel. Yn 1902 liet Flagler foar himsels in filla yn Palm Beach sette, dy't er Whitehall neamde.
West Palm Beach, dat no in oansjenlike stêd op himsels is, waard yn deselde tiid oarekant de Lagune fan Lake Worth op it fêstelân boud om 'e bewenners fan Palm Beach fan tsjinsten te foarsjen. Dat barde doe't de ynwenners fan Palm Beach yn 'e iere 1900-er jierren de bewenners fan it diel fan it eilân dat de Styx neamd waard, út har wenten besleaten te setten. Yn dat gebiet wiene de boufakkers húsfêste dy't de filla's fan 'e riken bouden en teffens it tsjinstfolk dat harren fersoarge. Dy lju setten har neitiid oarekant it wetter nei wenjen yn wat West Palm Beach waard.
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Palm Beach yn 2018 in befolking fan 8.802 minsken. De befolkingstichtens bedroech 807,5 minsken de km². De eardere befolkingsûntwikkeling fan Palm Beach gie fan 1.135 ynwenners yn 1920 fia 3.747 yn 1940, 6.055 yn 1960 en 9.729 yn 1980 nei 10.468 yn 2000. Tusken 2000 en 2010 kromp de befolking fan Palm Beach lykwols mei mear as 20% nei 8.348, om dêrnei wer oan te waaksen.
Worth Avenue.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Palm Beach 52,7% âlder as 65 jier en 9,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 5,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 2000 87,8% fan 'e befolking fan Palm Beach yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Frânsk mei 4,5% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Spaansk, mei 3,7%, en dêrnei folgen Dútsk (2,2%), Italjaansk (0,5%), Jiddysk (0,4%) en Russysk (0,3%).