Orxmastate

Orxmastate, tekene troch Jan Bulthuis
Plattegrûn Menaam (1626) mei Orxmastate (A)

Orxmastate wie eartiids in aadlik hûs dat by de tsjerke fan Menaam stie.

Skiednis fan de pleats

Yn 1487 waard yn Menaam in proses fierd tusken in “Oerck Abbas” en “Rioerd Roorda” omdat Ruerd him net oan syn diel fan in earder yn Ljouwert optekene “bier” (oerienkomst) hold. Dizze Oerck Abbas ofwol Orck Aebes soe de nammejouwer fan de state west hawwe kind. De pleats Orxma waard yn 1629 troch Ruurd fan Juckema út Rinsumageast kocht. Siuw Sybrens, in widdo wie de eigenaresse en mocht dêr yn it earstoan wenjen bliuwe. Yn 1640 ferstoar de âlde Juckema en Orxma (de namme bleau) kaam oan de âldste dochter út syn twadde houlik, Barbara. Hja wie lykwols non en wenne yn Haarlim. Hja ferstoar dêr yn 1667 op 57-jierrige leeftyd. Har besit wie lykwols al gau neidat se de erfenis krige troch in skikking oergien oan har healsuster Eduarde Juckema, dy't mei Homme fan Camstra troud wie. Mei dizze Homme komt it foarname geslacht yn Menaam. De tsjerke fan Menaam beskikt noch hieltyd oer in prachtich hearegestoelte dat no as tsjerkefâdebank brûkt wurdt, dêr't boppe de bank it famyljewapen fan de Camstra's útsnien is. It bestiet út in kaam, in stjer en in red, dy't de namme útbyldzje moatte: kaam-stjer-red.

It wapen sit ek yn de gevel fan it hjoeddeistige "Orxma State". Homme fan Camstra liet de âlde pleats ferfange troch in hûs mei hôvinge, blommetún, grêften en singels. It wapen fan him en syn frou waard boppe de poarte oanbrocht. It hûs wie noch mar krekt klear of Homme ferstoar en syn soan Tsjalling fan Camstra erfde it besit. Hy stoar yn 1664 en syn ienige soan Tsjalling Homme fan Camstra erfde syn besit. Dizze ferstoar yn 1727 en hy liet Orxma State nei oan syn twadde soan Hans Willem fan Camstra. Nei syn ferstjerren kaam Orxma State ta oan syn skoansuster Auck fan Haersma.

Yn 1830 is Orxma ferkocht en yn 1831 is it ôfbrutsen. De prachtige hôven waarden ta boulân en fan de stiennen fan de ôfbraak is it earmhûs boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!