Freark Hindrik fiert it Belis fan 's-Hertogenbosch út. As ôflieding falle de troepen fan de Keizer Gelderlân binnen. Se nimme Amersfoart en herstelle dêr de roomske tsjinsten. De Unytroepen nimme lykwols Wesel yn wêrtroch de troepen fan de keizer ôfsnien wurde fan alle fersterkingen en har weromlûke op de Isel.
14 septimber's-Hertogenbosch jout him oer. Dat is yn dy streken de swierste klap foar Spanje sûnt de ûndergong fan de Armada yn 1588.