De nije rinfûgels (Latynske namme: Novaeratitae) foarmje in pas yn 2013 identifisearre en sadwaande noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). Ta dizze groep wurde de skiften fan 'e kasuariseftigen (Casuariiformes), de kiwy-eftigen (Apterygiformes) en de útstoarne oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) rekkene.
De presize ûnderlinge relaasjes fan 'e skiften dy't ta de nije rinfûgels hearre, wurde troch ornitologen pas sûnt koartby, troch genetysk ûndersyk, begrepen. Sa hat bliken dien dat de kiwy-eftigen, út Nij-Seelân, folle nauwer besibbe wiene oan 'e útstoarne oaljefantsfûgeleftigen fan Madagaskar as oan 'e (krektlyk útstoarne) moä-eftigen (Dinornithiformes) dy't ek út Nij-Seelân kamen. De oaljefantsfûgeleftigen binne sadwaande de iennichste nije rinfûgels dy't fan bûten Oseaanje komme. Dat ferrassende resultaat betsjut dat de ferskillende groepen rinfûgels harren fermogen ta fleanen ûnôfhinklik faninoar ferlern hawwe moatte.
Tuskenklasse-opbou
- rangleas takson nije rinfûgels (Novaeratitae)
|
Boarnen, noaten en referinsjes