Nassau[năs'ô']? is de haadstêd fan de Bahama's. Mei syn 210.832 ynwenners (folkstelling fan 2000) is it de grutste stêd fan it lân, dêr't 70% fan de ynwenners fan de Bahama's wennet.
Nassau leit op it eilân New Providence. It hat in oantreklike haven, in kleurrike kombinaasje fan arsjitektuer út de Alde Wrâld en koloniale arsjitektuer en in drok havengebiet. Tanksij it tropyske klimaat en de moaie natoer is Nassau in populêre toeristyske bestimming mei in ferneamd nachtlibben.