Mûne D is in yn 1840 boude poldermûne yn it Noard-Hollânske doarp Skagerbrêge. De mûne ferfong eartiids in ôfbaarnde foargonger op itselde plak en bemealle ôfdieling D fan 'e Zijpe- en Hazepolder.
It giet om in reiddutsen, achtkante muonts mei âld-Hollânske wjukken. Lykas mear Noard-Hollânske poldermûnen is de mûne in binnenkruier.
Oant 1950 bemealle de mûne de polder. Yn dat jier waard de bemealling troch in elektrysk gemaal fan ôfdieling E oernommen. Dêrnei stie de mûne stil en krige de mûne ferskillende eigners. Yn 1989 waard Mûne D wer mealree makke.
De mûne is sûnt 1999 eigendom fan 'e stifting 'De Zijper Molens' en kin net besocht wurde.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|