Skagerbrêge (Nederlânsk: Schagerbrug; West-Frysk: Skagerbrég) is in doarp yn 'e gemeente Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân. Eartiids wie Skagerbrêge it haadplak fan 'e gemeente Zijpe. Op 12 jannewaris 2013 waard de gemeente Zijpe by de gemeente Skagen foege.
It doarp ûnstie nei it drûchmeitsjen fan 'e Zijpe. De kearn ûnstie by it krúspunt fan 'e Grutte Sleat en de Skagerdyk. Yn 1708 stiene der 39 hûzen yn it doarp en it doarp wie doe al it haadplak fan 'e gemeente Zijpe.
It besjen wurdich
It doarp hat in protestantskewettersteatstsjerke út 1850, in ûntwerp fan Hermanus Dansdorp. Yn 'e polder stiet de 19e-iuwske mûne fan ôfdieling D fan 'e polder, dy't sûnt 1990 wer op frijwillige basis de polder bemeallet. Ek de 18e-iuwske mûne fan ôfdieling Easter-N stiet op it doarpsgebiet. Yn it doarpsgebiet binne noch in grut tal stolppleatsen.