De Merkueriusfontein is in fontein dy't lange tiid op 'e eastlike útein fan it Saailân yn de stêd Ljouwert stie, fuort besuden it Ruterskertier. De fontein waard yn 1923 troch de VVV skonken oan de stêd Ljouwert. De Merkueriusfontein stiet symboal foar de boarnen fan wolfeart fan Ljouwert (en omkriten) en waard ûntwurpen troch de Dútske byldhouwer Gustave-Adolf Bredow.
De fontein krige syn plak op de Alde Feemerk njonken it Beurs- en waachgebou. Dat hjirby weromgrepen waard op de klassike mytology is net sa frjemd. It Fryske ‘merke’ binne ôflaat fan it Latynske ‘mercatus’. Wa oars as de Romeinske god Merkuerius, beskermer fan de merk en de merkelju, soe de ekonomyske krêft fan Ljouwert symbolisearje moatte?
It liket der lykwols op dat inkele Ljouwerters har ek troch in foarfal út de âldheid ynspirearje litten hawwe. De Grykske steatsman Alcibiades waard yn 415 f.Kr. út Atene ferdreaun omdat hy in pear bylden fan de god Hermes (de Grykske ‘ferzje’ fan Merkuerius) fan de eale dielen berôve hie. Ek de Ljouwerter Merkuerius hat faak soksoarte mishanneling ûndergien. Oer it byldhouwurk binne de mienings frijwat ferdield.
Mar hoe moai of ûnsjoch de fontein soms ek fûn wurdt, de symbolyk fan de Merkueriusfontein giet fierder as it ferline. Merkuerius wie, bûten beskermer fan de merkelju, ek boadskipper fan de goaden. En no’t it yn de ekonomy hieltiten mear draait om ynformaasje(-technology), is Ljouwert – wat beskermhillige oanbelanget – yn alle gefallen klear foar de takomst.
Yn ferbân mei de nijbou fan it Frysk Museum oan 'e eastkant fan it Saailân moast de Merkueriusfontein ferhúzje. It bouwurk waard dêrom yn 2012 in foege hûndert meter ferpleatst, sadat it súdlik fan 'e Nijewei oan 'e eastkant fan 'e Wurdumerdyk kaam te stean, skean foar de yngong fan it beurs- en waachgebou.[1]