Mûnepaad of Molepaad (Nederlânsk: Molenpad) is in strjitte en buert yn de stêd Ljouwert yn de wykAld-East. De buert is ien fan de fjouwer buerten dy't foar 2018 de wyk Flietsône, dy't doe opgie yn Ald-East, foarme. De buert is 16 hektare grut en hat likernôch 1.275 ynwenners.
De buert wurdt begrinzge troch it Súdfliet, Bleekleane, Emmakaai en Eastergrêftswêl.
De wyk krige syn namme troch it paad nei de âlde nôtmûne dy't der op in kaart fan 1560 al stie.