Koepeltsjerke (Ljouwert)

Koepeltsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Vredeman de Vriesstrjitte 24-a
koördinaten 53°12' N 5°48' E
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2015, no teäter
Arsjitektuer
arsjitekt Tjeerd Kuipers
boujier 1923
boustyl Neo-byzantynske styl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 520002
Webside
Side Koepelteäter
Kaart
Koepeltsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Koepeltsjerke

De Koepeltsjerke is in eardere grifformearde tsjerke op 'e hoeke fan 'e Vredeman de Vriesstrjitte en de Alma Tademastrjitte yn Ljouwert. De tsjerke is in ryksmonumint en troch it byzantynske oansjen fan 'e tsjerke is it ien fan 'e meast bysûndere bouwurken fan 'e stêd. Sûnt 2015 wurdt de Koepeltsjerke brûkt as teäter.

Skiednis

De Koepeltsjerke waard as grifformearde tsjerke yn 1923 boud neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Tjeerd Kuipers, dy't him beynfloedzje liet troch de betingsten dy't Abraham Kuyper oer it ideale tsjerkegebou publisearre hie. It wie ynearsten it doel om de tsjerke mei in hast katedrale alluere te ferneamen nei keninginne Wilhelmina, sa't dat ek barde mei Tjeerd Kuipers' Wilhelminatsjerke fan Doardt, mar om't de namme Koepeltsjerke al gau ynboargere rekke, is dêr neat mear fan telâne kommen. Noch gjin tsjien jier letter diene de grifformearden Ljouwert op 'e nij fersteld stean mei de bou fan in noch opmerkliker tsjerke: de Pelikaantsjerke.

Ynterieur

Yn 1977 waard it oarspronglike oargel fan Valckx & Van Kouteren ferfongen troch in oargel fan Jos Vermeulen. It Vermeulen-oargel waard yn 1935 boud foar de yn 1975 ôfbrutsen neogoatyske Hillich-Herttsjerke fan Tilburch. It instrumint hat 49 registers ferdield oer trije manualen en pedaal en is it grutste tsjerke-oargel fan Fryslân.

Nei de foarming fan 'e Protestanske Tsjerke yn Nederlân ûntstie in lange striid foar it behâld fan it grifformearde erfguod yn 'e stêd. Alle grifformearde tsjerken waarden oerstallich ferklearre en ek de monumintale Koepeltsjerke waard ôfstjitten.[1]. De Algemiene Tsjerkeried fan Ljouwert joech op 11 maart 2015 tastimming foar de ferkeap oan in belizzer út Snits. Op 4 maaie 2014 waard yn 'e Koepeltsjerke de lêste tsjerketsjinst holden.[2] De nije eigner hat mei behâld fan 'e arsjitektuer en ynrjochting fan 'e Koepeltsjerke in kultureel sintrum makke.[3]

Arsjitektuer

De boustyl fan de Koepeltsjerke is in mingeling fan art deco en byzantynske styleleminten. It byzantynske oansjen wurdt benammen feroarsake troch de tsiensidige koepel, dy't mei koper belein is. Boppe de noardlike yngong is in grut roasfinster mei in betonnen trasearing ynbrocht. Oan de sintrale bou binne trije fleugels tafoege, dêr't galerijen yn boud waarden. Sa ûntstie der in tsjerke mei in sitplak foar likernôch 1.100 minsken. De banken binne oriëntearre op 'e preekstoel, dêr't it oargel boppe hinget. De trije bylden op 'e tuorren fan it oargel stellen it Leauwen, de Hope en de Leafde foar en waarden yn 1790 makke foar it oargel fan 'e Herfoarme tsjerke fan it Hearrenfean.[4] Opfallend is de grutte sintrale luchter yn 'e foarm fan in kroan. De luchter krige dizze foarm fanwegen it feit dat doe it 25-jierrich kroaningsjubileum fan keninginne Wilhelmina fierd waard. Ek de jiertallen 1898 en 1923 yn 'e glês-yn-leadramen ferwize nei dat jubileum. Yn 'e ramen binne fierders wapens en de symboalen fan 'e evangelisten as dekoraasje ferwurke. [5]

Trivia

  • Yn 2011 wie de Koepeltsjerke de lokaasje fan United Praise, in barren dêr't religieuze muzyk sintraal stie. Sûnt lange tiid wie de Koepeltsjerke, bûten de grutte kristlike feesten om, wer ta it lêste sitplak beset.[6]
  • It oargel fan 'e Koepeltsjerke kaam yn novimber 2012 yn it nijs troch in filmke op YouTube. Organist Jelle de Jong spile op it filmke it nûmer "Don't You Worry Child" fan de groep Swedish House Mafia.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!