Lytse Antillen

Lytse Antillen
Basis ynformaasje
Namme Lytse Antillen
Eilannekloft Antillen
Lokaasje Karibyske See

De Lytse Antillen is in eilannekloft yn de Karibyske See. Dizze kloft eilannen makket diel út fan de Antillen. De eilannen meitsje diel út fan in lange fulkanyske bôge, wêrfan it grutste part oan de eastkant fan de Karibyske See leit, op de grins mei de Atlantyske Oseaan. De measte eilannen binne ûntstien troch subduksje, it oer elkoar skowen fan de tektoanyske platen.

Oannaam wurdt dat de eilannen fan Fenezuëla út befolke binne troch de Arowakken. De Lytse Antillen sels wurde wer ûnderferdield yn de Boppewynske Eilannen en de Underwynske Eilannen.

Boppewynske eilannen

De Boppewynske eilannen foarmje it grutste part fan de Lytse Antillen. Dy eilannen rinne fan Puerto Riko oant de kust fan Fenezuëla.

Underwynske eilannen

De Underwynske eilannen lizze flak foar de kust fan Fenezuëla.

Sjoch ek

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!