It Lykklaad fan Turyn is in rjochthoekich stik linnense stof dat oarspronklik wyt fan kleur wie. It is 4.40 m lang by 1.10 m breed. De stof bestiet út flaaksfezels en is weve yn in keperwurk mei fiskgraatstek fan trije rjochts, ien averjochts. It opfallendste skaaimerk fan it klaad is in dizenige, brunige ôfbylding fan 'e foarkant en de efterkant fan in neakeneman, dy't de hannen gear hâldt foar syn skamstreek. De ôfbyldings fan 'e foar- en efterkant fan 'e holle befine har likernôch yn 'e midden fan it klaad, en dy fan 'e fuotten oan 'e beide uteinen. De ôfbylding fan 'e "Man fan it Klaad", sa't er wol neamd wurdt, hat in burd, in snor en skouderlang hier mei in skieding yn 'e midden. Hy hat in spierd uterlik en is lang fan stal: ferskate ekspêrs hawwe syn lingte fêststeld tusken de 1.70 m en de 1.88 m.
Der sitte ferskate readbrunige plakken op 'e ôfbylding fan 'e man op it lykklaad, dy't wize op wûnen. Neffens oanhingers fan it idee dat it Lykklaad fan Turyn diel útmakke fan it wiere bierguod fan Jezus fan Nazaret, soene dy plakken oerienkomme mei de beskriuwing út it Nije Testamint fan 'e wûnen dy't oan Jezus tabrocht waarden by syn krusiging. It klaad rekke yn 1532 skansearre by in brân yn 'e kapel yn Chambéry, yn it Hartochdom Savoaye (no yn Frankryk), dêr't it doe bewarre waard. Trochdat dêrby in drip smolten sulver op it optearde klaad foel, rekke dat op in stikmannich symmetrysk pleatste plakken skansearre mei brângatten en skroeiplakken. Fjirtjin grutte trijehoekige palten en acht lytseren waarden neitiid troch nonnen fan 'e klarisse-oarder yn it klaad naaid om 'e gatten te tichtsjen.
De ierste ferwizings nei wat it Lykklaad fan Turyn wêze kinne soe, datearje út 1353 of 1357. De earste kear dat it klaad mei wissichheid yn in histoaryske boarne neamd wurdt, is yn 1390. Dat jiers skreau Pierre fan Arcis, de biskop fan Lirey, yn Frankryk, in rapport dat rjochte wie oan Klemens VII, dy't doe as tsjinpaus yn Avignon residearre. Yn dat dokumint stelde Arcis mei safolle wurden dat it Lykklaad fan Turyn (dat doe noch net sa hiet) in ferfalsking wie, en dat de ferfalsker skuld bekend hie. Ut oare histoaryske boarnen liket nei foarren te kommen dat der yn 1353 of 1357 in lykklaad mei dêrop de ôfbylding fan in krusigingsslachtoffer yn Lirey bestie, en yn it besit wie fan 'e ridderGodfryd fan Charny, dy't yn 1356 yn 'e Hûndertjierrige Oarlochsneuvele yn 'e Slach by Poitiers. Oer it rapport fan Arcis en it bestean fan in lykklaad yn Lirey is neitiid troch withoefolle histoarisy en oare auteurs spekulearre, mar der is fierders neat mei wissichheid oer bekend.
It Lykklaad fan Turyn bleau oant 1983 yn besit fan it Hûs fan Savoaye, doe't it oedroegen waard oan 'e Hillige Sit. Op 11 april1997 waard it klaad lichtlik skansearre by in brân, dy't mooglik feroarsake wie troch brânstifting. Yn 2002 liet de Roomsk-Katolike Tsjerke it klaad reparearje. Dêrby waard de fuorring oan 'e efterkant losmakke, sadat it klaad doe foar it earst fan dy kant besjoen wurde koe. By in ûndersyk út 2004 waard dêr in dizenige, ûnfolsleine en suver ûnsichtbere trochdruk fan 'e Man fan it Klaad ûntdutsen. Fan 10 oant en mei 23 maaie2010 waard it reparearre lykklaad yn it iepenbier tentoansteld (de achttjinde kear yn 'e skiednis fan it relikwy dat dat bard wie). Neffens de Roomsk-Katolike Tsjerke makken doe mear as 2 miljoen minsken fan 'e gelegenheid gebrûk om it relikwy te bewûnderjen. Op Stille Sneon, 30 maart2013, waarden live-bylden fan it Lykklaad fan Turyn streamd oer it ynternet. Fan 19 april oant en mei 24 juny2015 waard it klaad op 'e nij tentoansteld yn katedraal fan Turyn. Dy kear moast men yn 't foar lykwols in ôfspraak meitsje om it relikwy te sjen.
De sechstjinde-iuwsketsjerkeherfoarmerJehannes Kalvyn, de grûnlizzer fan it kalvinisme, skreau lykwols yn 1543 yn in traktaat dat yn it Nije Testamint dúdlik fermelden stiet dat der smelle stripen linnense stof brûkt waarden as bierguod foar Jezus Kristus, behalven foar de holle, dêr't in apart stik stof foar brûkt waard. Hy konkludearre: "òf Jehannes de Evangelist is in leagener," òf eltsenien dy't it Lykklaad fan Turyn as in wier relikwy oanpriizget, wurdt troch Jehannes syn wurden "feroardiele foar fraude en bedroch."
Yn sawol wittenskiplike as populêre publikaasjes is troch de jierren hinne troch foarstanners fan 'e autentisiteit in breed skala oan riddenearrings opfierd wêrom't it Lykklaad fan Turyn it wiere bierguod fan Jezus Kristus wêze soe. Dat waard ûnderboud mei arguminten dy't útinoar rûnen fan skiekunde oant biology en fan genêskunde oant optyske analyze. Yn 1988 waarden koalstofdatearringstests útfierd op in lyts hoekstikje fan it lykklaad. Dêrby waard fêststeld dat dy stof datearre fan 'e perioade tusken 1260 en 1390.
Neitiid waard dy útslach yn 'e kiif steld troch guon klaadûndersikers, dy't bewearden dat der flaters makke wiene by it útfieren fan 'e tests. Sa waard oppenearre dat by fersin in stikje fan it klaad test wie dat bestie út in Midsiuwske reparaasje, of dat der biologyske fersmoarging fan it testhoekje optreden wie, of dat de oanwêzigens fan koalstofmonokside op 'e iene of oare manear ta in foutyf resultaat laat hie. Alle oandroegen hypotezes foar sokke flaters binne lykwols wittenskiplik ûntkrêfte en nei de foddekoer ferwiisd. Dat wurdt lykwols net troch eltsenien akseptearre, en yn 2013 ferskynde der noch in publikaasje fan in pear Italjaanske auteurs dy't bewearden dat it 'orizjinele' diel fan it klaad datearre út 'e perioade fan 280 f.Kr. oant 220 n.Kr. It Lykklaad fan Turyn bliuwt sa ek noch hjoed de dei in boarne fan kontroverse.