Krusiging is in metoade om ien dea te dwaan; it slachtoffer wurdt fêstbûn of fêstspikere oan in krús en bliuwt hingjen oant de dea troch fersmoaring en of útdrûgjen folget.[1]
Krusigingen binne hjoeddeisk seldsum. Nearne yn de wrâld is it noch in offisjele straf. Somtiids wurdt krusiging yn in oarloch tapast. Yn Kambodja binne finzenen krusige ûnder it bewâld fan de Reade Khmer tusken 1975 en 1979.