Lowell Observatory Near-Earth-Object Search (LONEOS) wie in Amerikaansk projekt om kometen, planetoïden en dan fral ierdskearders te finen. It projekt, dat stipe waard troch de NASA, waard laat troch Ted Bowell fan it Lowell-observatoarium yn Flagstaff, Arizona. It LONEOS-projekt waard mei út ein set yn 1993 en duorre oant febrewaris 2008.
LONEOS, brûkte in 0,6-meter trochsneed f/1.8 Schmidt teleskoop, dy't se yn 1990 wisten te besetten fan Ohio Wesleyan University, en in 16 megapiksel CCD detektor. Dêrmei wie in sichtfjild dat 2,88 by 2,88 graden bestruts. De nacht koe it sa'n 1.000 kante graden oan gesichtsfjild waarnimme (fjouwer kear observearje). Dat komt del op de folsleine, op in inkelt stuit, sichtbere romte yn ûngefear ien moanne tiid. Planetoïden binne fûn oant in fisuele magnitude fan 19,8, mar de minimale limyt nedich foar observaasje wie 19,3.
De tabel hjirûnder jout de observaasjes fan LONEOS it jier. Der steane ek observaasjes by fan al earder ûntdutsen objekten. Om de kwaliteit en folsleinens fan de observaasjes te beoardielen waard ferlike mei it tal objekten mei in trochsneed grutter as 1 kilometer. Guon fakjes hawwe dêrom ta sifers. It getal efter de slash (/) jout objekten grutter as 1 kilometer diameter.
Lowell meidoggers:
Oare meidoggers: