Op dat stuit fynt der in rige koördinearre terroristyske oanslaggen plak, wêrby't op ferskate manearen de Dútskebûnskânselier Agnes Brückner, de Frânske presidint Jacques Mainard, premier Antonio Gusto fan Itaalje, premier Robert Bowman fan Kanada en premier Tsutomu Nakushima fan Japanfermoarde wurde, wylst tagelyk ferneamde bouwurken as London Bridge en Westminster Abbey opblaasd wurde. De dieders binne ferklaaid as leden fan 'e Londenske Metropolitan Police Service, militêren en ambulânsepersoneel. De terroristen hacke ek it elektrisiteitsnetwurk en snije sa yn 'e hiele stêd de stroom ôf. Fan gefolgen brekt der yn Londen massale panyk út. Presidint Asher is ek ien fan 'e doelwiten fan 'e oanslaggen, mar trochdat Banning it tiidskema foarútskood hat, moatte de terroristen ymprovisearje om him te pakken te nimmen. It selskip fan 'e presidint wurdt op 'e treppen fan 'e katedraal oanfallen, wêrby't alle Secret Service-aginten útsein Jacobs en Banning omkomme. The Beast rekket fernield en in oare Secret Service-agint, Voight komt te help mei in oare auto, wêryn't Banning en Jacobs mei de presidint útnaaie.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Der ûntstiet in wylde efterfolging dwers troch Londen, wêrby't Banning-en-dy neisitten wurde troch terroristen op motors. Voight komt om, en se ferûngelokje op in hier nei ear't se Somerset House wer berikke. Yn Marine One giet it werom nei Stansted, mar de presidinsjele helikopter wurdt troch de terroristen mei Stinger-loftdoelraketten delsketten en stoart del yn Hyde Park. Banning en presidint Asher komme mei de skrik frij, mar Lynne Jacobs rekket deadlikferwûne. Banning en Asher ûntkomme oan 'e terroristen, dy't nei it plak fan 'e delstoarte helikopter gearstreame, troch beskûl te sykjen yn it metrosysteem, de London Underground.
Underwilens wurkje fanút Washington, D.C. de Amerikaanske autoriteiten ûnder lieding fan fise-presidint Allan Trumbull nau gear mei harren Britske wjergaders om 'e fermiste presidint Asher op te spoaren en út te sykjen wa't der efter de oanslaggen sit. Dat lêste wurdt lykwols maklik makke as Trumbull opskille wurdt troch Barkawi, dy't de drone-oanfal op syn hûs dochs oerlibbe blykt te hawwen en no operearret út Jemen wei. Hy is it dy't de oanslaggen pland hat, en de direkte útfierder, dy't oan it haad fan 'e terroristen yn Londen stiet, is syn soan Kamran. It docht bliken dat de dea fan premier Wilson gjin hertoanfal wie, mar in gefal fan fergiftiging yn opdracht fan Barkawi, mei as doel om alle wrâldlieders foar de begraffenis nei Londen ta te lokjen. Barkawi wit dat Asher noch yn libben is, en hy ûnthjit Trumbull dat er de eksekúsje fan 'e Amerikaanske presidint live oer it ynternet útstjoere sil as er him te pakken kriget.
Trumbull jout de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten opdracht om Barkawi syn bekende kontakten nei te rinnen, om in konneksje mei de oanslaggen te finen. Underwilens jout Kevin Hazard, de kommissaris fan 'e Metropolitan Police Service, alle plysjes, ambulânsepersoniel en brânspuitlju opdracht om harren út Londen werom te lûken. Al dyjingen dy't dan noch oerbliuwe, moatte terroristen wêze en kinne útskeakele wurde troch de kommando-ienheden fan 'e SAS dy't it Britske Leger de stêd ynstjoert.
Nei't er in teken foar Trumbull efterlit dat inkeld troch spionaazjesatelliten oppikt wurde kin, nimt Banning Asher mei nei in ûnderdûkadres fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, dêr't aginte Jacqueline "Jax" Marshall harren bypraat oer wat der ûnderwilens oer de oanslaggen en de dieders bekend is. Jax fermoedet dat der sprake is fan in ferrieder yn 'e eigen gelederen; oars hiene terroristen nea witte kinnen wat se blykber allegear wisten. Asher ûntfangt op it ûnderdûkadres in berjocht fan Trumbull dat dy in Amerikaanske kommando-ienheid fan 'e Delta Force fan in basis op Sisylje stjoerd hat om 'e presidint op te heljen. As op bylden fan befeiligingskamera's om it hûs hinne de oankomst fan dy ienheid te sjen is, fertrout Banning de saak lykwols net, om't se der nea sa gau wêze kinne. Hy kriget gelyk as bliken docht dat it op 'e nij terroristen binne, dy't Trumbull syn berjocht opfongen hawwe. Banning deadet ferskaten fan harren en wit mei Asher te ûntkommen yn in auto út 'e parkearkelder.
Se besykje by de Amerikaanske ambassade te kommen, mar wurde krekt foar't se dy berikke kinne, oanriden troch in terrorist yn in frachtwein. Wylst Banning eefkes út 'e tiid rekket, nimme de terroristen Asher finzen. Banning weeft ôf mei de terrorist dy't efterbliuwt om him te deadzjen, en jout him dan by in ienheid fan 'e SAS, dy't krekt te let arrivearret om Asher te rêden. Underwilens hawwe de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten in gebou yn 'e binnenstêd fan Londen identifisearre dat eigendom is fan ien fan 'e bedriuwen fan Barkawi. It hjit in bouput te wêzen dêr't inkeld boufakkers oan it wurk binne, mar it blykt in enerzjyferbrûk te hawwen dat reuseftige heech is. Derfan útgeand dat se it haadkertier fan Kamran Barkawi fûn hawwe, sette Banning en de SAS-ienheid dêrhinne. Wylst de kommando's de terroristen ôfliede, kringt Banning allinne it gebou yn, dêr't Kamran-en-dy krekt risselwearje om 'e eksekúsje fan Asher oer it ynternet út te stjoeren. Banning wit Asher te rêden, en tegearre sykje se beskûl yn in liftskacht wylst kaptein Davies, de befelhawwer fan 'e SAS-ienheid, op befel fan Banning it gebou opblaast.
Kamran en de oare noch libbene terroristen komme om, mar Banning en Asher oerlibje de ûntploffing en de fjoersee yn 'e ôfsletten skacht, dêr't se neitiid troch de SAS-kommando's fûn wurde. Underwilens hat Jax Marshall ûntdutsen wa't de ferrieder oan Britske kant is. Se konfrontearret John Lancaster, it haad kontraspionaazje fan ynljochtingetsjinst MI5, yn in parkeargaraazje dêr't er in auto oan it ynladen is om mei út te naaien. As er wegeret him oer te jaan, sjit se him dea. Yn Jemen ûntfangt Barkawi ûnderwilens in tillefoantsje fan Trumbull. Barkawi warskôget de fise-presidint dat de Amerikanen noch net fan him ôf binne, mar Trumbull riedt him oan om ris út it rút te sjen. As Barkawi dat docht, sjocht er de Amerikaanske drone-oanfal oankommen dy't him it libben kostet.
Twa wiken letter hat Banning frij om in skoft mei syn frou Leah en harren nij bernepoppe troch te bringen. It is in famke, dat se Lynne neamd hawwe, nei syn omkommen baas Lynne Jacobs. Banning pakt op 'e nij om mei it idee om syn ûntslach yn te tsjinjen en hat dêrta al in e-mailberjocht opsteld. Hy hoecht it inkeld noch te ferstjoeren. Op 'e tillefyzje, dy't oanstiet, heart er in taspraak fan fise-presidint Trumbull wêryn't dy seit dat de Feriene Steaten alle swierrichheden te boppe komme sille, salang't eltsenien syn stientsje mar bydraacht. Banning kiest der dan foar om it e-mailberjocht te deleten.
London Has Fallen krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn The A.V. Club neamde Ignatiy Vishnevetsky de film "in troebele, harsensdeade stek-mar-raak, grôtfol mei safolle ûnsinnige efterfolgings, bespotlike special effects en net byinoar hearrende argyfbylden, dat er derom smeket om ta drinkspul makke te wurden". Hy konkludearre dat London Has Fallen "ien fan dy seldsume films is dy't nearne goed yn is." The A.V. Club rôp London Has Fallen letter út ta de minste film fan it jier.
It Amerikaanske tydskriftVariety omskreau de film as "rasistysk sûnder dat er der muoite foar hoecht te dwaan" troch it oproppen fan "de bekende islamofoby". Deselde resinsje neamde Londen Has Fallen ek "in terreurspoitaasje-fantasij" bedoeld om eangst te fersprieden nei de oanslaggen yn Parys fan novimber2015. (Dy lêste oantiging wie dúdlik net wier, mei't de film al tusken oktober2014 en april2015 opnommen wie, doe't dy oanslaggen noch barre moasten.) The Hollywood Reporter omskreau London Has Fallen as in film fan it "haadstêde-ferneatigings-subsjenre fan 'e pornografy".
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie London Has Fallen in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 181 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] set in talintearrecast – en eltsenien dy't him doar te sjen – fêst yn in […] nachtmerje fan in film dy't wol út 'e midden fan 'e 1990-er jierren liket te kommen, fol mei ksenofoby en fersliten aksjeskriller-klisjees." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle London Has Fallen in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 35 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen London Has Fallen lykwols in 9 op in skaal fan 1 oant en mei 10.
Resultaat
London Has Fallen brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen$62,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $143,2 miljoen. Dêrmei kaam de wrâldwide opbringst út op $205,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjutte dat in winst fan $145,8 miljoen (minus marketingkosten). Opmerklik wie dat London Has Fallen mear opbrocht as syn foargonger Olympus Has Fallen ($170 miljoen), wat ornaris mei ferfolchfilms net sa is.