Hoewol't de term 'Legere Fêstelân' al yn dokumintearre gebrûk is sûnt de ierste perioade fan 'e kolonisaasje fan Britsk-Kolumbia yn 'e njoggentjinde iuw, is it gjin offisjeel toponym, en sadwaande binne de grinzen wat dizenich. Yn it westen en suden steane de begrinzgings yn elts gefal fêst: yn it westen wurdt de krite ôffrede troch de Strjitte fan Georgia, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Stille Oseaan, wylst it gebiet yn it suden trochrint oant de grins mei de Feriene Steaten. Yn it noarden giet men almeast út fan West Vancouver en dêrwei in line skean nei it noardeasten it lân yn nei Whistler. Yn it easten wurdt it Legere Fêstelân ornearre troch te rinnen oant en mei Hope oan 'e útein fan 'e Fraser Canyon.
It Legere Fêstelân ken al teminsten 8.000 oant 10.000 jier minsklike bewenning, sa't troch argeologyske fynsten yn it gebiet bewiisd wurdt. Yn 'e histoaryske perioade wie de krite it heitelân fan ferskate lytse etnyske groepen dy't ta it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjanen hearden.
Neitiid waard it Legere Fêstelân net fuortendaliks kolonisearre. Dat barde ek net by de Goudkoarts fan 'e Fraser dy't yn 1858 mear as 25.000 blankegoudsikers nei súdlik Britsk-Kolumbia ta lokke. It goud wie nammentlik te finen yn 'e Fraser Canyon, noardeastlik fan it Legere Fêstelân. Mar yn 1862 setten de earste blanken har yn 'e krite nei wenjen. Yn 1884 waard it Legere Fêstelân troch it Kanadeeske Pasifyske Spoar ferbûn mei eastlik Kanada, wat de fierdere kolonisaasje fan it gebiet makliker makke.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2021 hie it Legere Fêstelân doe in befolking fan 2.966.830 minsken. De befolkingstichtens fan it hiele gebiet bedroech 94,5 lju op eltse km². Dat jout lykwols in fertekene byld, om't oan 'e kust fierwei de measte minsken wenje. Dus yn 'e stêdekloft fan Vancouver is de befolkingstichtens eins folle heger en yn it eastlike efterlân leit it eins folle leger. (Yn it regionaal distriktMetro Vancouver wennen yn 2021 2.642.825 minsken, en yn it regionaal distrikt Fraser Valley mar 324.005 minsken.)
De oarspronklike befolking fan it Legere Fêstelân bestiet út ferskate Halkomelem-sprekkende etnyske groepen dy't ta it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjanen hearre. It westen fan 'e krite omfettet hielendal it tradisjonele wengebiet fan 'e Muskwiim (Musqueam) en de Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh) en dêropta it súdlike diel fan it tradisjonele heitelân fan 'e Skwamisj (Squamish). Mear it lân yn, by de kust wei, lizze de tradisjonele wengebieten fan 'e Stolo (Stó:lō), Tsjehalis, (Chehalis of Sts’Ailes), Katzy (Katzie), Kwantlen, Semiamû (Semiahmoo) en Tsawwassen.