Last Man Standing is in súksesfolle Amerikaanskekomeedzjesearje dy't yn 2011 foar it earst op 'e telefyzje kaam. De titel betsjut safolle as: "de lêste man dy't noch oer is". De searje giet oer Mike Baxter (spile troch akteurTim Allen), dy't in liedingjaande funksje hat by in winkelkeatling yn sport- en jachtnedichheden yn Denver, en dy't dêrnjonken de heit fan trije dochters is. De oarspronklike searje waard fan 2011 oant en mei 2017 útstjoerd troch it telefyzjenetwurkABC. Hoewol't it de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan ABC wie, besleat dat bedriuw om 'e searje oan 'e ein fan it telefyzjeseizoen2016-2017 stop te setten. Yn 2018 kaam der dochs in sânde seizoen fan Last Man Standing, doe't it telefyzjenetwork Fox de searje oppikte. De searje rûn dêrnei trije seizoenen op Fox foar't der definityf in ein oan kaam.
Neitiid ferlingde ABC Last Man Standing hieltyd mei ien nij seizoen. Yn oktober2014 hiene Tim Allen en Héctor Elizondo as de personaazjes Mike Baxter en Ed Alzate út Last Man Standing in gastrol yn in oare komeedzjesearje fan ABC, Cristela. Op 10 maaie2017 besleat ABC Last Man Standing nei seis seizoenen stop te setten, nettsjinsteande it feit dat de searje yn it telefyzjeseizoen 2016-2017 de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan it netwurk wie, mei sjochsifers dy't dat hiele seizoen troch stabyl bleaun wiene. Yn in ferklearring sei in wurdfierder fan ABC dat Last Man Standing net mear yn 'e programma-yndieling fan it netwurk paste. Dêrnjonken wie it sa dat ABC en syn produksjepartner foar de searje, 20th Century Fox Television, in ôfspraak hiene dat 20th Century Fox de produksjekosten foar syn rekken naam. Dy ôfspraak rûn nei seis seizoenen ôf en ABC woe sels de produksjekosten net betelje.
It stopsetten fan Last Man Standing late ta poerrazene reäksjes fan fans fan 'e searje, dy't harren miening oer de gong fan saken op 'e sosjale media net ûnder stuollen of banken stieken. Fierders waard der in hantekeninge-aksje holden om Last Man Standing wer op 'e telefyzje te krijen, dêr't op 23 maaie2017 al 380.000 hantekenings foar ynsammele wiene. Ek haadrolspiler Tim Allen makke him lulk en twittere op 16 maaie2017 dat er "ferbjustere en oerfallen" wie troch "it netwurk dat ik de lêste seis jier as myn thús beskôge haw."
Middelste dochter Mandy (Molly Ephraim/Molly McCook) hâldt en draacht har as in ûnnoazel sjutsje. Se kin net meikomme op skoalle, is loai, eigenwiis, drinkt ûnder de minimumleeftyd, negearret alle ferkearsregels as se autoriidt, stelt út har heite winkel, bliuwt hiele nachten fuort, en smookt mooglik ek marihuana. Se is populêr op skoalle en blinkt út yn sosjale sitewaasjes. Soms lit se ynienen mominten fan ealmoedigens en soarchsumens sjen, dy't nammenste mear opfalle om't se sa ûnferwachts binne. Yn seizoen 2 kriget se in relaasje mei Kyle (Christoph Sanders), de eks-freon fan har âldere suster Kristin, dy't like ûnnoazel is as sysels. Yn seizoen 6 trouwe se. Tsjin dy tiid hat Mandy in súksesfol eigen bedriuwke opbout dat hânmakke klean ferkeapet.
Oare ynteressante personaazjes út 'e Last Man Standing binne Bud Baxter (Robert Forster), Mike syn âlde heit, dy't ta ôfgriis fan Mike in winkel begjint dêr't er marihuana ferkeapet, sadree't dat yn Kolorado legaal wurden is. Mike syn buorman is de swarte âld-marinier Chuck Larabee (Jonathan Adams), mei wa't Mike altyd botst oer politike en maatskiplike kwestjes. Chuck syn (ek swarte) frou Carol (Erika Alexander) is in bekende fan Mike syn frou Vanessa, dy't yn har oanwêzigens stiiffêst de oanstriid fielt om te bewizen dat se net rasistysk is, mei as gefolch dat it troch har ferkrampte hâlden en dragen liket as is se dat krekt wol.
Amerikaanske kritisy stiene yn 't earstoan oer it algemien frij negatyf foar Last Man Standing oer. Op 'e websiteRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat seizoen 1 fan 'e searje in goedkarringspersintaazje fan net mear as 15%, basearre op 33 resinsjes. De dêrby fersoarge konsensuskrityk seit: "Last Man Standing is in troch- en trochmidsmjittige komeedzjesearje, dy't fertrout op grappen dy't òf datearre, òf fijannich oandogge." Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, joech it earste seizoen in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 24 resinsjes. The Hollywood Reporter sette Last Man Standing yn syn earste seizoen wei as "in foarsisbere komeedzjesearje, mei in stom útgongspunt dêr't min yn aktearre wurdt." Neffens de Los Angeles Times wiene "grappen en plot effisjint opboud, mar de measte grappen beklibje net; se glydzje sa fan jin ôf, en de personaazjes sels lykje gjin ûnderlinge bannen te hawwen."
Seizoen 2 fan Last Man Standing hat op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 40%, en seizoen 7 hat in goedkarringspersintaazje fan 58%. Neffens de konsensuskrityk by dat lêste persintaazje is "Last Man Standing net de meast reälistyske komeedzjesearje op 'e telefyzje, mar de ideälistyske foarstelling fan tsjinstelden dy't mei-inoar yn harmony libje, biedt heechnedige hope yn ferdielde tiden." Op Metacritic skoart it sânde seizoen fan 'e searje ek in goedkarringspersintaazje fan 58%. Oer seizoen 3 skreau Philly.com: "It ûnwierskynlike comeback-fehikel fan Tim Allen, Last Man Standing op ABC, is in trochtradisjonele, absolút ynnimlike komeedzjesearje. [...] Last Man is sawol sunich as effisjint, en hellet treflike resultaten út 'e marginaalste gastroltsjes." Oer seizoen 7 skreau it tydskriftEntertainment Weekly lykwols: "Ik tink dat it tiid wurdt dat de makkers fan Last Man Standing ris wat better sjogge nei All in the Family, wêryn't foaroardielen om echte grappen hinne boud wiene."
Resultaten
Last Man Standing is benammen populêr mank konservative Amerikanen, wat iroanysk is, sjoen hoe't en hoe faak oft konservative ideeën yn 'e searje bespot wurde. Ut opinypeilings docht bliken dat in protte konservativen Last Man Standing beskôgje as it konservative tsjinwicht fan Modern Family, in komeedzjesearje dy't mear progressive ideeën en sitewaasjes foar it fuotljocht bringt. Dat is lykwols in folslein oare searje mei in totaal oare opset, sadat de ferliking op in soad terreinen net opgiet.