In lânfoarm is in foarm fan it ierdoerflak dy't dúdlik te sjen is. It is in geomorfologyske ienheid dy't him ûnderskiedt fan oare lânfoarmen troch syn uterlike skaaimerken en syn plak yn it lânskip.
Lânfoarmen wurde yn de geomorfology beskreaun op grûn fan harren ûntsteanswize. Dêrby binne de folgjende faktoren fan belang: it memmestientme, de geomorfologyske prosessen dy't de foarm makke hawwe, mei de prosessen dy't no aktyf binne en de faze fan de ûntjouwing.