In morene is pún oan 'e râne of de ein fan in gletsjer of iiskape. Faak binne der dúdlike herkenbere rêgen yn it lânskip fan te sjen. Morenen kinne wat formaat oangiet bot ferskille; sa binne der morenekompleksen yn Noard-Amearika dêr't guons fan tsientallen meters heech en kilometers lang binne, mar ek lytsere types lykas De Geer-morenes dy't mar in pear meter heech binne en meastentiids inkelde tsientallen meters lang.