De Twadde Kosmas- en Damianusfloed op 25 en 26 septimber 1509 wie in stoarmfloed dy't de Noardseekust fan de Dútske Bocht trof. De floed is neamd nei Kosmas en Damianus, dy harren feestdei op 26 septimber is.
Yn East-Fryslân en de Ommelannen, lykas yn de greefskippen Hollân en Seelân, feroarsake de floed in soad skea, benammen yn de goaen Reiderlân en it Aldamt. De doarpen Torum, Wilgum, Fletum, Westerreide, Easterreide en it Kleaster Palmar moasten opjûn wurde.
De lettere kanselier fan de Hearlikheid Jever, Remmer von Seediek, skreau deroer yn syn kronyk fan Jeverlân:
De Doalert berikte syn grutste omfieming en ek de Jadeboezem waard folle grutter. By Emden ferskode de rin fan de Iems, sa't dy fierder fan de haven ôf begûn te lizzen.