Yn 686 reizgen de trije manlju mei njoggen oare kristenen nei Rome en moeten dêr paus Konon. Se reizgen dêrnei troch nei Würzburg. Op dat stuit bleaune de trije yn Würzburg, wylst oaren fierder troch it gebiet reizgen. De hearsker oer it gebiet, hartoch Gosbert fan Würzburg liet him troch Kiliaan ta kristen bekeare, mar syn frou bleau heiden.
Kiliaan fertelde de hartoch dat it net mei it kristlike rjocht strykte dat er troud wie mei de widdo fan syn broer, Gailana. Hja waard sa lilk, dat se har soldaten nei it plein fan Würzburg stjoerde om de trije dêr preekjende misjonarissen te ûnthalzjen.
Ferearing
Nei harren dea waarden harren reliken fereare tsjin krupsjes.
Yn 752 waard Burchard fan Wesseks de earste biskop fan it troch Bonifatius ynstelde bisdom Würzburg. Hy brocht de reliken fan 'e trije manlju oer nei de nije oan Sint-Kiliaan wijde katedraal.
De feestdij fan Sint-Kolonat is op 8 july fêststeld. Tsjintwurdich wurde de reliken yn 'e krypt fan 'e Neumünster fan Würzburg bewarre.
De skedel fan Kolonat is mei dy fan Kiliaan en Totnan bewarre bleaun. Op 8 july, de feestdei fan 'e manlju, wurde harren skedels yn in glêzen skryn foar de minsken troch de strjitten fan Würzburg fierd en útstald yn 'e domtsjerke fan dy stêd.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Saint Colman (martyr)].