De namme Vanenburg, of yn dy tiid Vaenborch, wurdt foar it earste neamd yn 1389 doe't it as besitting fan de abdij Abdinghof yn Paderborn oan Wolf fan Putten te lien yn waard. De measte ynformaasje út de iere midsiuwen dy't fan it kastiel beskikber is, komt út de argiven fan trije kleasters: it kleaster te Werden, it Sint-Vituskleaster yn Elten en Abdinghof te Paderborn. De kleastyers krigen fan grutgrûnbesitters stikken lân as geskink. Omdat de ôfstân tyusken de kleasters en de kado dienen stikken grûn sa grut wie, waard it deiske behar fan de lannen oerdroegen oan de bewenner fan de wichtichste pleats fan it goed. Yn 1559 kocht it kleaster yn Paderborn de lannen yn Putten fan it kleaster yn Werden derby. Hjirby hearde ek it "gut tho Nulde", dat letter de Vanenburch wurde soe.
Neidat it lângoed yn de tiid dêrop ferskate kearen ferhierd is en trochferkocht, wie it yn 1622 kompleet yn hannen fan Jan fan Angeren. Nei syn dea waard it lângoed ferdield ûnder syn bern, en út ien fan de dokuminten út dy tiid is fêststeld dat der in hûs op it lângoed stie. Dit hûs soe net op itselde steed stien hawwe as it hjoeddeiske hûs fan de Vanenburch, mar neffens de oerlevering "een kwart uur gaans westelijk van de nieuwe". Yn 1637 waard it lângoed ferkocht oan Peter fan Appeltoorn wêrnei't it nei syn dea yn it iepenbier ferkocht waard. De heechste bieder wie Hendrick fan Essen dy't it lângoed kocht. Yn 1664 joegen Hendrik fan Essen en syn twadde frou Geertruid Margarethe fan Varick de Amsterdamse arsjitekt Philips Vingboons opdracht in lânhûs te ûntwerpen op het lângoed Vanenburg. Dit hûs wie lykas Vingboons skreau 'soo sterck gebouwt van dicke Muuren, swaer van balcken en andersints, als een sterck Landt-huys soude kunnen gemaeckt worden'. It wapen fan de opdrachtjouwers mei it jiertal 1665 waard boppe de yngong setten. Dizze stien mei it alliânsjewapen Fan Essen-Fan Varick sit no noch yn it fronton fan it hjoeddeiske lânhûs. De foarm dy't hy oan it gebou joech is noch altiten de basis fan uit hjoeddeiske Kastiel De Vanenburg.
Fan 1389 -1645 hie it kastiel in agraryske funksje. Hendrick fan Essen wreide it hûs flink út en joech it mear it karakter fan in bûtenpleats, mei behâld fan de agraryske funksje. Syn neisieten hâlden it oant it begjin fan de achttjinde iuw yn stân. It is net ienfâldich om efterôf in goede skieding oan te bringen tusken de ekonomyske en de rekreatieve funksje fan De Vanenburch yn dizze perioade. It kastiel wie oan de iene kant in plak dêr’t ‘de heeren’ zich even konden ‘vermeyen’, har 6untspanne koenen yn in natoerlike omjouwing.Oan de oare kant hie de bûtenpleats dochs ek in soad wei fan in agrarysk bedriuw.
n 1868 waarden Anne Frederika van Pallandt-van Goltstein en har man eigener fan De Vanenburg. Se joegen opdracht om in nij hûs te ûntwerpen en te bouwen. Mooglik ynspirearden twa filla’s dy’t yn 1860 oan it Willemspark yn De Haach boud waarden de tekener. De basis fan iet kastiel bleau mei de nijbou yntakt; de bygebouwen waarden ôfbrutsen en ferfongen.
Yn de tweintichste iuw waard it kastiel brûkt as fakânsjekoloanje en als opliedingsskoalle Beskerming Boargerbefolking fan de oerheid. Troch ferfal en modernisearrings drige it kompleks ferlern te gean. Yn 1996 nom de Vanenburg Group har yntrek yn it pân en brocht it yn de oarspronklike steat. It lângoed wurdt tsjintwurdich brûkt as kongres-, gearkomst- en hotelakkommodaasje.