Burgers waard yn 1870 berne yn 's-Heerenberg, yn 'e Achterhoeke, dêr't er yn 1895, nei syn houlik mei in Maria Erwig, in boerepleats sette liet. Yn 'e tún hold er fazanten, mar fanwegen syn almar tanimmend bistebeslach waard dy tún dêr al rillegau te lyts foar. Yn 1913 kocht Burgers in grutter stik grûn oan, dat er Buitenlust neamde, om syn fazanten de romte te jaan dêr't se ferlet fan hiene. Neitiid begûn er ek eksoatyske bisten oan te skaffen, lykas liuwen en bearen. Dizze leafhawwerij finansierde er troch tsjin betelling besikers rûn te lieden.
Doe't de ôfhandige lokaasje oan 'e ein fan in sânpaad foar de tanimmende oantallen besikers net mear foldie, begûn Burgers om te sjen nei in oar, gaadliker plak. De gemeenteArnhim stelde him doe in terrein ta beskikking dat njonken it Nederlânsk Iepenloftmuseum lei. Yn 1924 iepene er dêr de dieretúnBurgers' Dierenpark. Mei't de oantallen besikers almar tanamen, mocht it Burgers barre om dêr stadichoan hieltyd mear ferskillende bistesoarten te yntrodusearjen.
Under de Twadde Wrâldoarloch makke Burgers' Dierepark in minne tiid troch, dy't ta in djiptepunt kaam doe't by de Slach om Arnhim, yn it neijier fan 1944, de dieretún foar in diel ferwuostge waard en twatrêde part fan it bistebeslach de dea fûn. Burgers makke dat net mear mei; hy kaam yn 1943 yn 'e âlderdom fan 73 jier te Arnhim te ferstjerren. Lucie Burgers, de jongste fan syn trije dochters, en har man Reinier van Hooff, namen dêrnei de lieding oer de dieretún oer.