Hâns en Grytsje

Hâns en Grytsje
algemiene gegevens
oarspr. titel Hänsel und Gretel
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hâns en Grytsje
publikaasje 1985, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 321

Hâns en Grytsje, yn it oarspronklike Dútsk: Hänsel und Gretel (Nederlânsk: Hans en Grietje), is ien fan 'e bekendste mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It giet werom op in oerâld Dútsk folksferhaal, dat de bruorren Grimm trochdien waard troch Dortchen Wild. It is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, mei dêrûnder film, tillefyzje, animaasje, romans en fideospultsjes. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk is troch Margrit Weber). Yn 2012 waard Hâns en Grytsje op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Ynhâld

Yn it mearke binne Hâns en Grytsje de bern fan in earme houtsjer en syn frou. As der in hongersneed oer it lân komt, trunet de frou, dy't de styfmem fan 'e bern is, de heit oan om harren mei te nimmen de bosk yn en dêr efter te litten. Mar Hâns heart har dat sizzen, dat hy giet nei bûten ta en docht de bûsen fol mei kiezelstientsjes dy't glimme yn 'e moanneskyn. De oare deis bringt harren heit de beide bern djip yn 'e bosk en pykt dêrnei út. Mar Hâns en Grytsje wachtsje oant it tsjuster wurdt, en folgje dan it spoar fan 'e glimmende stientsjes, dy't Hâns op 'e hinneweis om it hoartsje falle litten hat, werom nei hûs.

In yllústraasje troch Arthur Rackham, út 1909.

Mar de hongersneed hâldt oan, dat harren styfmem stiet der op 'e nij by harren heit op oan om 'e bern yn 'e bosk efter te litten. Diskear hat se lykwols de doar op 't slot dien, dat Hâns kin gjin stientsjes byinoar sykje. De oare deis bringt harren heit Hâns en Grytsje wer de bosk yn en spilet dan fan ruten. De bern besykje it paad werom te finen, mar sûnder it spoar fan stientsjes ferdwale se hopeleas. Nei in pear dagen omdoarme te hawwen, komme se by in húske dat alhiel makke is fan bôle en koeke. Se binne útroppe, dat se begjinne der gau fan te iten. It âldwyfke dat dêr wennet komt nei bûten ta en nûget harren yn 'e hûs. Mar hja blykt in boaze hekse te wêzen, dy't Hâns yn in lyts hokje mei traaljes fêstset om him fet te mesten, en Grytsje al it wurk yn en om 'e hûs dwaan lit.

No hawwe heksen hiele minne eagen, dat eltse dei as de hekse by Hâns syn hokje komt en him oan 'e finger fielt om te sjen oft er al fet genôch is om te slachtsjen en op te iten, stekt Hâns in tûkje tusken de traaljes troch, dat de hekse foar syn finger hâldt. Se snapt der neat fan dat dy jonge nea net fetter wurdt, mar úteinlik beslút se him dan sa mar op te iten. As se Grytsje fiele litte wol oft de ûne al goed hjit is, beart dy dat se net wit hoe't dat moat. Om it har sjen te litten, linet de hekse sels yn 'e ûne, mar dan jout Grytsje har in triuw, dat se der yn knoffelet, en slacht dêrop gau-gau it doarke efter har ticht. Sa ferbrânt de hekse op in skriklike wize, wylst Grytsje Hâns befrijt út syn hokje. Se loegje de bûsen fol mei juwiellen dy't se yn 'e wente fan 'e hekse fine en geane dan nei hûs. No't de hekse, dy't de bosk betsjoend hie, dea is, kinne se it paad wól fine. As se thús oankomme is harren heit o sa bliid dat se der wer binne, en harren styfmem blykt yn 'e tuskentiid weirekke te wêzen.

Eftergrûn

Men tinkt wol dat dit ferhaal ûntstien is ûnder of nei oanlieding fan 'e Grutte Hongersneed (1315-1321), doe't de lju wanhopige dingen diene, lykas harren eigen bern yn 'e steek litte, en sels wol har taflecht namen ta kannibalisme. Yn 'e earste ferzje fan Hâns en Grytsje dy't de bruorren Grimm fêstleine, yn 'e útjefte fan harren Kinder- und Hausmärchen fan 1812, wiene it de heit en de echte mem fan Hâns en Grytsje dy't harren yn 'e bosk efterlieten, en hiene dy beiden dêr likefolle skuld oan.

Pas yn lettere útjeften waard, nei alle gedachten om it teltsje wat bernfreonliker te meitsjen, de mem ferfongen troch in boaze styfmem fan wa't it hiele plan útgie, en begûn de heit tsjinnichheid te ûnderfinen. It earste part fan it mearke liket as twa drippen wetter op Lyts Tomke, dat Charles Perrault yn 1697 optekene yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"). It feit dat de mem/styfmem stoarn is as de bern nei de dea fan 'e hekse wer thús komme, suggerearret foar de measte literatuerwittenskippers dat de mem/styfmem en de hekse yn oerdrachtlike sin ien en deselde frou foarstelle.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Read other articles:

فريزر ستودارت (بالإنجليزية: James Fraser Stoddart)‏    معلومات شخصية الميلاد 24 مايو 1942 (81 سنة)[1][2]  إدنبرة  الإقامة المملكة المتحدة  مواطنة الولايات المتحدة المملكة المتحدة  عضو في الأكاديمية الألمانية للعلوم ليوبولدينا،  والأكاديمية الأمريكية للفنون والع...

 

 

Мапа хеленизованог македонског царства, успостављена војним освајањима Александра Великог у 334–323. п. н. е. Хеленизација (архаично јелинизација; грч. εξελληνισμός) је историјско ширење античке грчке културе и у мањој мјери језика, које су примали страни народи који су се на

 

 

Hegel por Schlesinger 1831 El marco de desarrollo constructivo (CDF) es un marco teórico para la evaluación psicológica. El marco se basa en que la investigación muestra que la percepción del individuo de la realidad es construir activamente su propio mundo, exclusivo para él y que sigue desarrollando a lo largo de su vida útil. La metodología CDF implica tres instrumentos separados que miden, respectivamente, la etapa socioemocional de una persona, el nivel cognitivo de desarrollo y ...

Interstate Highway in Louisiana, Arkansas, and Missouri Interstate 49I-49 highlighted in red, AR 549 highlighted in blueRoute informationLength528.02 mi[1] (849.77 km)Existed1977[2]–presentNHSEntire routeOriginal segmentSouth end I-10 / US 167 / LA 182 in Lafayette, LAMajor intersections US 71 in Alexandria, LA North end I-20 in Shreveport, LANorthern Louisiana–Southern Arkansas segmentSouth end I-220 in Shrevepor...

 

 

You can help expand this article with text translated from the corresponding article in Spanish. (September 2010) Click [show] for important translation instructions. View a machine-translated version of the Spanish article. Machine translation, like DeepL or Google Translate, is a useful starting point for translations, but translators must revise errors as necessary and confirm that the translation is accurate, rather than simply copy-pasting machine-translated text into the English Wi...

 

 

Маріанне Тіменід. Marianne Louise Thieme Народилася 6 березня 1972(1972-03-06)[1] (51 рік)Еде, Гелдерланд, НідерландиКраїна  НідерландиМісце проживання Maarssend[2]Діяльність політична діячка, письменниця, юристкаAlma mater Університет імені Еразма Роттердамського (1998) і Паризьки...

Village development committee in Lumbini Zone, NepalParsohiya पर्सोहियाVillage development committeeParsohiyaLocation in NepalCoordinates: 27°29′N 83°02′E / 27.48°N 83.04°E / 27.48; 83.04Country   NepalZoneLumbini ZoneDistrictKapilvastu DistrictPopulation (1991) • Total2,952Time zoneUTC+5:45 (Nepal Time) Parsohiya is a village development committee in Kapilvastu District in the Lumbini Zone of southern Nepal. At...

 

 

Dutch footballer and coach Dave van den Bergh Personal informationDate of birth (1976-05-07) 7 May 1976 (age 47)Place of birth Amsterdam, NetherlandsHeight 1.88 m (6 ft 2 in)[1]Position(s) Left wingerYouth career1986–1995 AjaxSenior career*Years Team Apps (Gls)1995–1997 Ajax 12 (1)1997–2000 Rayo Vallecano 47 (6)2000–2006 FC Utrecht 184 (29)2006 Kansas City Wizards 13 (3)2007–2008 New York Red Bulls 55 (9)2009 FC Dallas 30 (3)Total 341 (51)International ca...

 

 

British journalist, broadcaster, and former politician (born 1953) The Right HonourableMichael PortilloPortillo in 2017BornMichael Denzil Xavier Portillo (1953-05-26) 26 May 1953 (age 70)Bushey, Hertfordshire, EnglandCitizenshipBritish citizenship and Spanish citizenship - dual citizenshipOccupationBroadcaster (1998–present)Politician (1984–2005)TelevisionGreat British Railway Journeys, Great Continental Railway Journeys, The Pyrenees with Michael Portillo, GB NewsPolitical partyForm...

المحقق كونان  أفلام المحقق كونان  المحقق كونان: العد التنازلي لناطحة السحاب المحقق كونان: العد التنازلي لناطحة السحاب名探偵コナン 時計じかけの摩天楼غلاف الفيلممعلومات عامةالتصنيف فيلم أنمي الصنف الفني أدب بوليسي، دراما، غموضتاريخ الصدور  اليابان 19 أبريل 1997[1] ال...

 

 

Kedaulatan Westfalen adalah konsep kedaulatan negara-bangsa di teritorinya sendiri tanpa campur tangan agen asing dalam struktur domestiknya. Para pakar hubungan internasional menyebut sistem internasional negara, perusahaan multinasional, dan organisasi modern yang berorientasi Barat bermula di Perdamaian Westfalen tahun 1648.[1] Baik dasar maupun kesimpulan pandangan ini dikritik oleh sejumlah[siapa?] akademisi dan politikus revisionis. Para revisionis mempertanyakan penting...

 

 

2021 single by No AngelsMad WildSingle by No Angelsfrom the album 20 Released6 August 2021Length2:39LabelBMGSongwriter(s)Andrew TylerÁsdís María ViðarsdóttirFlo AugustSophie Alexandra Tweed-SimmonsProducer(s)Christian GellerNo Angels singles chronology Still in Love with You (2021) Mad Wild (2021) When the Angels Sing (2021) Mad Wild is a song by all-female German pop band No Angels. It was written by Flo August, Andrew Tyler, Ásdís María Viðarsdóttir, and Sophie Alexandra Tweed-Sim...

Pemilihan Umum Bupati Karo 2020201520249 Desember 2020[1]Kandidat   Berkas:Kehadiran pemilih 67,5% Peta persebaran suara Peta Sumatera Utara yang menyoroti Kabupaten Karo Bupati dan Wakil Bupati Karo petahanaTerkelin Brahmana danCory Sriwaty Sebayang Partai Gerakan Indonesia Raya Bupati dan Wakil Bupati Karo terpilih Cory Sriwaty Sebayang danTheopilus Ginting Partai Gerakan Indonesia Raya Sunting kotak info • L • BBantuan penggunaan templat ini Pemilihan Umum Bupati...

 

 

Water transportation in Metro Manila, the Philippines This article relies largely or entirely on a single source. Relevant discussion may be found on the talk page. Please help improve this article by introducing citations to additional sources.Find sources: Pasig River Ferry Service – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (June 2022) Pasig River Ferry ServiceLocaleMetro ManilaWaterwayPasig RiverTransit typeWater busOwnerMetropolitan Manila Devel...

 

 

Shōjo manga series Stardust WinkCover of the Japanese version of vol. 1, first released on June 15, 2009スターダスト★ウインク(Sutādasuto Uinku)GenreRomantic comedy[1] MangaWritten byNana HarutaPublished byShueishaImprintRibon Mascot ComicsMagazineRibonDemographicshōjoOriginal runDecember 29, 2008 (2008-12-29) – December 28, 2012 (2012-12-28)Volumes11 Stardust Wink (Japanese: スターダスト★ウインク, Hepburn: Sutādasut...

1962 outbreak of mass hysteria The Tanganyika laughter epidemic of 1962 was an outbreak of mass hysteria—or mass psychogenic illness (MPI)—rumored to have occurred in or near the village of Kashasha on the western coast of Lake Victoria in Tanganyika (which, once united with Zanzibar, became the modern nation of Tanzania) near the border with Uganda.[1] History The laughter epidemic began on January 30, 1962, at a mission-run boarding school for girls in Kashasha. It started with ...

 

 

Ini adalah nama Batak Mandailing/Toba, marganya adalah Lubis. H.Irmadi LubisAnggota Dewan Perwakilan Rakyat Republik IndonesiaPetahanaMulai menjabat 27 Februari 2020[1]Pengganti Antar WaktuPendahuluYasonna LaolyDaerah pemilihanSumatera Utara IMasa jabatan10 September 2012[2] – 1 Oktober 2019Pengganti Antar Waktu hingga 1 Oktober 2014PendahuluPanda NababanDaerah pemilihanSumatera Utara IMasa jabatan1 Oktober 1999 – 1 Oktober 2009Daerah pemilihanSumater...

 

 

Questa voce sull'argomento ciclisti tedeschi è solo un abbozzo. Contribuisci a migliorarla secondo le convenzioni di Wikipedia. Peter Vonhof Nazionalità Germania Ovest Germania Ciclismo Specialità Pista Palmarès Germania Ovest Competizione Ori Argenti Bronzi Giochi olimpici 1 0 0 Per maggiori dettagli vedi qui   Modifica dati su Wikidata · Manuale Peter Vonhof (Berlino, 15 gennaio 1949) è un ex pistard tedesco. Indice 1 Palmarès 1.1 Olimpiadi 2 Note 3 Collegamenti e...

Canadá constituye una monarquía un Estado de la Commonwealth con un sistema federal parlamentarista y una fuerte tradición democrática. Muchas de las prácticas legislativas del país derivan de las prácticas no escritas y de los precedentes establecidos por el parlamento de Westminster del Reino Unido. No obstante, Canadá presenta algunas variaciones. La disciplina de partido en Canadá es mayor que la del Reino Unido, y muchos de los votos son considerados como votos de confianza, lo ...

 

 

Hospital de la Pitié-Salpêtrière LocalizaciónPaís  FranciaDirección Boulevard de l'Hôpital (47)Coordenadas 48°50′13″N 2°21′54″E / 48.837, 2.365Datos generalesFundación 1657Camas 1603Sitio web oficial[editar datos en Wikidata] El Hospital de la Pitié-Salpêtrière (en francés : Hôpital de la Pitié-Salpêtrière, o simplemente La Salpêtrière) es un hospital público situado en el XIII Distrito de París. Fue construido inicialment...

 

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!