Nick Hendricks, Dale Arbus en Kurt Buckman binne trije freonen dy't allegearre lije ûnder problemen op har wurk. Nick hat in kantoarbaan yn 'e finansjele sektor en wurket ûnder de sadistyske Dave Harken. Dyselde hintet allegeduerigen dat Nick yn oanmerking komt foar promoasje, en set him ûnder druk om fan moarns ier oant jûns let troch te bodzjen wylst er him op raffinearre wize narret. Dale wurket as toskedoktersassistint foar de froulike, troch seksobsedearretoskedokter Julia Harris, dy't him oan ien wei troch seksueel yntimidearret. De seksferslaafde Kurt is boekhâlder by in gemyskbedriuw en kin poerbêst mei syn baas Jack Pellit. Syn swierrichheden begjinne lykwols as Jack op in dei in hertoanfal kriget en dearekket, wêrnei't syn soan Bobby Pellit, in kokaïnesnuvende, huorrerinnende liddichgonger, de lieding oer it bedriuw oernimt. Dyselde sjocht de ûndernimming inkeld as wat dêr't er sa fluch mooglik safolle mooglik jild út wringe kin, sûnder dat it him ek mar wàt skele kin wat soks mei de wurknimmers docht.
As se inoar op in jûn yn 'e kroech moetsje om in bierke te drinken, beprate Nick, Dale en Kurt harren problemen. Se tinke deroer om ûntslach te nimmen, mar treffe dan Kenny Sommerfeld, in âld-klasgenoat fan 'e middelbere skoalle, dy't ûnder de Bankekrisis syn baan kwytrekke is, en no sjen moat te oerlibjen troch oare manlju op it húske fan 'e kroech ôf te lûken. De trije freonen beslute dan dochs mar ôf te sjen fan it ûntslachnimmen. Kurt oppenearret heal by wize fan grap dat se harren problemen ek oplost wêze soene as se har bazen fermoarden. Syn beide maten laitsje dat earst fuort, mar dêr komme se op werom troch foarfallen yn 'e folgjende dagen. De promoasje dêr't Nick him foar út 'e naad wurke hat, giet nammentlik oan him foarby as Harken beslút de fakante post yn syn eigen funksje op te nimmen, sadat er syn salaris hast ferdûbelje kin. Underwilens driget Julia, as Dale bliuwt by syn wegering om seks mei har te hawwen, om oan Dale syn ferloofde Stacy neakenfoto's fan Dale en harsels sjen te litten, dy't se nommen hat doe't se Dale ûnder narkoaze hie foar in toskhielkundige behanneling.
Nick, Dale en Kurt beslute dat se sels de know-how foar it beramen fan 'e moarden misse, dat se wolle in hiermoardner yn 'e earm nimme. Earst besiket Dale oer it ynternet mei sa'nent yn kontakt te kommen, mar dat blykt by neier ynsjen in man te wêzen dy't yn ruil foar jild oer oare manlju hinne pisset. Dêrop geane se nei in rûge kroech dêr't se plompwei oan 'e barkeeper freegje oft der ek hiermoardners mank syn kliïntêle binne. Se wurde de kroech útbonsjoerd, mar ien fan 'e klanten, in eks-detinearre dy't har fraach opfongen hat, komt har efternei. Hy stelt him foar as Motherfucker Jones, en seit in hiermoardner te wêzen. Nei't de trije freonen in dei letter mei $5.000 op 'e lapen kommen binne, feroaret er dat lykwols yn 'hiermoardadviseur'. Nick, Dale en Kurt binne dêr net bliid mei, mar as Motherfucker harren oanriedt om 'e moarden derút sjen te litten as ûngelokken, liket dat harren dochs wol in fernimstich idee ta.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
It net bjuster skrandere trijetal hâldt de wacht by de wente fan Bobby Pellit oant dy fan hûs giet. Se brekke yn en ferkenne it spul op 'e siik nei wat dat se brûke kinne om him ferûngelokje te litten. Kurt fynt Bobby syn mobile tillefoan, dy't er stelt. Yn 'e badkeamer nimt er de tiid om 'e toskboarstel, it skearmês en alles wat er fierder mar fine kin fan 'e hate Bobby, hinne en wer yn syn eigen anus te heljen. Underwilens ûntdekke Nick en Dale yn in oar part fan it hûs in grutte foarrie kokaïne, dy't se by fersin omreagje, wêrnei't se allebeide stoned reitsje fan it opstowende drugspoeier.
Neitiid geane se nei de wente fan Harken ta, dêr't Kurt en Nick de knoffelige Dale, dy't noch altyd high is, yn 'e auto wachtsje litte wylst sy sels nei binnen geane. Harken komt lykwols ûnferwachts thús en sjocht hoe't Dale in plesktikferpakking fan in stik bôle mei nútsjesmoar op 'e dyk smyt. Hy pakt it ôffal op en konfrontearret dan op hege poaten Dale mei syn misdraging. Midden ûnder syn tirade kriget Harken lykwols in akute allergyske reäksje op 'e nútsjesmoar dy't noch oan it plestik siet. Dale rêdt him it libben troch him te ynjektearjen mei epinefrine (dat Harken út foarsoarch blykber altyd by him hat). Ut 'e hûs wei sjogge Nick en Kurt Dale op Harken ynstekken en nimme oan dat er de man besiket te fermoardzjen. Yn panyk spylje se fan ruten, wêrby't Kurt de mobile tillefoan fan Bobby Pellit ferliest. As se letter foar it ferstân krije dat Dale Harken net deastutsen hat, binne se earst opluchte, mar as se deroer neitinke en beseffe dat Harken no dea west hie as Dale gewoan neat dien hie, wurde se wer lulk.
De trije freonen beslute Harken te deadzjen mei pinda's en Bobby Pellit troch syn kokaïne oan te lingjen mei rottefergif. De folgjende jûns giet Dale nei Harken syn hûs ta om pinda's yn syn shampoo te dwaan, wylst Nick nei Pellit syn hûs ta giet mei in grut pak rottefergif. Underwilens hâldt Kurt it hûs fan Julia Harris yn 'e rekken om út te finen wat se mei har oan moatte. De paranoïde Harken is der al tiden fan oertsjûge dat syn frouRhonda mei oare manlju omslacht, allinne kin er dêr nea bewizen foar fine. As er dy jûns wer ris op 'e sneup is, treft er ûnder de bank de mobile tillefoan fan Bobby Pellit oan. Mei de adresynformaasje út 'e tillefoan set Harken breinroer ôf. By it hûs fan Pellit is Nick der tsjûge fan hoe't Harken dêr opdaagjen komt en oanbellet. As Bobby Pellit iependocht, hellet Harken in pistoal foar 't ljocht en sjit him dea. Neitiid flechtet Nick yn panyk fuort en riidt deunby it hûs fan Pellit troch in read stopljocht. Hy wurdt sadwaande op 'e foto set troch in ferkearskamera, wêrmei't er syn oanwêzigens by it plak delikt fêstleit. Underwilens hat Kurt, ynstee dat er in manear siket om Julia om te bringen, it mei har oanlein en mei har op bêd west.
Neitiid, as Nick, Dale en Kurt byinoar komme om te bepraten wat der bard is, wurde se foar ûnderfreging meinommen troch de plysje, dy't oan 'e hân fan 'e foto fan Nick fermoedet dat hy dejinge is dy't Bobby Pellit deasketten hat. Der is lykwols net genôch bewiismateriaal om Nick of syn maten te arrestearjen, dat Dale, in fêste sjogger fan 'e plysjesearjeLaw & Order, stelt fêst dat se dan frij binne om fuort te gean, en de resjersjeurs dy't de moard ûndersykje, moatte tajaan dat er dêr gelyk oan hat. Se freegje Motherfucker wer om advys, mar it docht bliken dat dy net yn it tichthûs sitten hat foar moard, sa't de trije freonen oannamen, mar foar skeining fan auteursrjochten. Hy riedt harren oan om Harken mei harren wittenskip fan syn misdie konfrontearjen, him safier te krijen dat er tajout de moardner te wêzen en te soargjen dat se dy bekentenis opnimme.
Dat, Nick, Dale en Kurt sette nei Harken ta, dêr't se by fersin syn jierdeisfeestcrashe. Nick en Dale krije Harken safier dat er ferskate kearen mei safolle wurden seit dat er Bobby Pellit fermoarde hat, mar ûntdekke dan dat Kurt, dy't de bekentenis opnimme soe, net mear by harren is. Dy hat him nammentlik ôfliede litten troch Rhonda, de tsjeppe frou fan Harken, troch wa't er him op it húskeôfsûge lit. Harken fertelt Nick en Dale dat er him net troch harren sjantearje lit en dat er fan doel is om harren allegear te fermoardzjen. Om't er eefkes dwaande is om syn pistoal út syn fjoerwapenklûs te heljen, hawwe se lykwols rom de tiid om te ûntkommen. Weriene mei Kurt naaie se út yn 'e auto, mar as se by Kurt syn hûs oankomme, sjogge se dat de plysje dêr hûssiking docht en ride se troch sûnder te stopjen. Nick en Dale begripe net hoe't de plysje Kurt mei de moard op Pellit ferbûn hawwe kin, mar Kurt moat opbychtsje dat er frijwat DNA by Pellit thús efterlitten hat doe't er de toskboarstel ensfh. fan 'e man yn syn kont stoppe.
Underwilens komt Harken de trije maten efternei yn syn SUV en raamt harren ferskate kearen sawat fan 'e wei ôf. Dêrop wurde Nick, Dale en Kurt befrege troch de betsjinner fan it navigaasjesysteem fan 'e auto, in wurknimmer fan in callcenter yn Yndia dy't Gregory hjit (eins Atmanand, mar dat is in namme dy't Amerikanen net útsprekke kinne). Hy kin oan 'e sensors fan 'e auto sjen dat se by in oanriding belutsen west hawwe. As de trije freonen him stom genôch fertelle dat se op 'e flecht binne foar in moardner èn foar de plysje, skeakelet Gregory fan op ôfstân de motor fan 'e auto út en ljochtet er de plysje yn oer harren lokaasje. Harken arrivearret lykwols it earst. Hy lit Nick, Dale en Kurt útstappe wylst er harren ûnder skot hâldt mei syn pistoal. Hy skept op 'e nij op oer syn moard op Bobby Pellit en beslút de trije freonen net te fermoardzjen, mar harren foar de moard opdraaie te litten. En net allinne dàt, se hawwe ek noch besocht om in tsjûge fan 'e moard út 'e wei te romjen: Harken sels. Dêrom sjit er himsels yn 'e skonk en smyt dan de ûnnoazele Dale syn pistoal ta, dy't it yn in refleks opfangt, sadat syn fingerôfdrukken op it wapen sitte.
Fuort dêrnei arrivearje de resjersjeurs dy't de moard op Pellit ûndersykje. Dy leauwe earst Harken syn ferhaal, mar Kurt komt mei syn lûdsopname op 'e lapen, dêr't Harken syn bekentenis op fêstlein wêze moat. It docht lykwols bliken dat dêr wol de orale seks fan Kurt mei Harken syn frou op fêstlein is, mar net it hiele ferhaal dat Harken no krekt tsjin 'e trije freonen ôfstutsen hat, om't de opname beëinige is doe't Harken harren fan 'e dyk ried. It sjocht der min út foar de trije freonen, mar se wurde rêden troch Gregory, dy't noch altyd mei de auto yn ferbining stiet en fertelt dat syn bedriuw petearen tusken it callcenter en klanten altyd opnimt. Hy beskikt sadwaande oer in opname fan alles dat der sûnt de oanriding sein is, Harken syn bekentenis ynbegrepen. Dêrop wurdt Harken arrestearre foar de moard op Bobby Pellit. Kurt wriuwt noch even sâlt yn 'e wûne troch him te fertellen dat de frou op 'e opnamen syn frou Rhonda is. Harken fljocht him oan, wat Nick de kâns jout om in fantasij yn 'e praktyk te bringen dy't er al hiel lang koesteret, troch Harken del te slaan.
Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt Harken feroardiele ta 25 jier oant libbenslang. De bemuoienissen fan 'e trije freonen mei de moard op Pellit wurde troch de plysje troch de fingers sjoen om't se harren úteinlik nei de wiere moardner ta laat hawwe. Lokkigernôch foar Kurt binne der gjin wetten tsjin it besmoargjen fan oarmans toskeboarstels troch se yn jins kont te stopjen. Kurt behâldt syn âlde funksje mar komt no ûnder in normale baas te wurkjen. Nick kriget promoasje en wurdt beneamd yn 'e funksje fan Harken, dêr't er lykwols te meitsjen krigen mei de algemien direkteur fan syn bedriuw, dy't it foar de moade hat syn assistinten yn syn kofferbak op te sluten as se him kâlde kofje foarsette. En Dale leit mei help fan Motherfucker Jones en Kenny Sommerfeld op fideo fêst wat Julia mei har pasjinten útheeft nei't se dy ûnder narkoaze brocht hat. Troch har mei dat filmke te sjantearjen, wit er in ein oan har seksuele yntimidaasje te meitsjen en har ek noch betelje te litten foar syn houliksreis.
Justin Chang fan it tydskriftVariety priizge it aktearjen fan 'e cast ek, mar fûn 'e plot fan 'e film "foarsisber debyl, fulgêr en studintikoas". Yn The Hollywood Reporter joech Kirk Honeycutt Horrible Bosses in negative resinsje. Hy fûn de grappen yn 'e film mislearre en skreau ek: "[Regisseur] Seth Gordon toant gjin inkele oanlis foar it omsetten fan 'e absurde sitewaasjes en cartooneske personaazjes út it skript ta wat dat mear is as in samling fan mominten dy't bedoeld binne om laitsjen op te wekjen."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Horrible Bosses in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sit fol ôfwaaid praat, hat in ûngelikens tempo en is fier fan orizjineel, mar tanksij in fernimstich gearstalde cast dy't in prima útgongspunt treflik útwurket, komt Horrible Bosses dochs goed út 'e ferve." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Horrible Bosses in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 40 resinsjes.