Home Improvement: Undead Edition is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske skriuwsters en redaktrises Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner. De titel betsjut "Hûsrenovaasje: Undeade Edysje". De bondel omfettet 14 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre geane oer doch-it-selzjen en it boppenatuerlike. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Patricia Briggs, E.E. Knight, Simon R. Green en Harris sels. Alle ferhalen út Home Improvement waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Home Improvement: Undead Edition waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.