Hindrik IV, Diel 2, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry IV, Part 2 (folút eins: The Second Part of the History of Henry the Fourth), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelskeskriuwer en dichterWilliam Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Hindrik IV, Diel 2 foarmet it trêde part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. It stik beskriuwt de ôfrin fan 'e opstân fan 'e Percy-famylje tsjin it regear fan kening Hindrik IV en kroanprins "Hal" (Hindrik V) syn ûntjouwing ta kening. Histoarysk sjoen soe dat in snuorje fan mear as tsien jier, fan 1403 oant 1413 beslaan, mar yn it toanielstik liket it om in folle koartere perioade te gean; hoewol't Hindrik IV, Diel 2 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten skreaun tusken 1596 en 1599, en it waard foar it earst útjûn yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Ynhâld
It stik set útein op it punt dêr't it foarôfgeande Hindrik IV, Diel 1 ophold, nammentlik nei de Slach by Shrewsbury en de nederlaach fan 'e rebel Hindrik Percy, byneamd Hjitspoar. Dy syn heit, Hindrik Percy, de greve fan Noardumberlân, syn sweager, Edmund Mortimer, greve fan 'e Mark, de Welske ealman Owen Glendower en Richard le Scrope, de aartsbiskop fan York, sette de opstân lykwols fuort, en Hindrik V moat harren sjen te ferslaan. Underwilens riedt syn soan Hal, de lettere Hindrik V, him ta op syn eigen keningskip, en is de fette, âlde korrupte liddichgonger sir John Falstaff, in eardere selskipsman fan 'e prins, weromkeard nei de Londenske ûnderwrâld. De toansetting fan it stik is grutdiels elegysk, en de ynhâld konsintrearret him op Falstaff syn âlderdom en it neieroan kommen fan syn dea. De beide haadrolspilers, Hal en Falstaff, moetsje inoar mar twaris en dan noch hiel koart, dat de beide lykstrekige ferhaallinen steane suver op harsels.
Falstaff bringt syn tiid troch mei drinken en lytse kriminaliteit yn 'e Londenske ûnderwrâld, wêrby't syn jonge paazje, dy't prins Hal him by wize fan grap tawiisd hat, foar him hantlanget. De âld útfretter rekket der ûnderwilens net sûner op; as er de paazje freget oer wat de dokter fan syn urine sein hat, antwurdet de jonge dat neffens de dokter de urine sûner wie as de pasjint. Falstaff begjint in relaasje mei de prostituee Doll Tearsheet, mar as de troepen fan 'e aartsbiskop fan York nei it suden opmarsjearje, bejout er him nei it plattelân om soldaten foar it leger fan 'e kening te ronseljen. Dêr treft er û.o. in âld skoalmaat, rjochter Shallow, en hja helje tegearre oantinkens op oan har jonkheid.
Underwilens is prins Hal ek belutsen bleaun by de Londenske ûnderwrâld en hy liket alhiel ûngeskikt foar it keningskip. Syn heit, Hindrik IV, is blykber de fermoedsoening dy't se yn Hindrik IV, Diel 1 berikten, wer fergetten, en rekket op 'e nij bot teloarsteld yn it hâlden en dragen fan syn soan. De opstân fan 'e Percy's en de aartsbiskop fan York wurdt diskear net op it slachfjild besljochte, mar troch de yntriizjes fan prins Jan, Hal syn jongere broer. Dan rekket kening Hindrik yn 'e minnichte en liket er te stjerren. Hal, dy't mient dat syn heit al dea is, giet ôf mei de kroan, mar dan komt Hindrik wer by en is er alhiel ferbûke, mei't er mient dat syn soan inkeld wat om it keningskip jout. Hal oertsjûget him lykwols fan it tsjindiel, sadat de âlde kening rêstich stjerre kin.
Yn 'e slotsêne komme de beide ferhaallinen gear, as Falstaff, dy't heard hat dat Hal no kening is, nei Londen ta reizget yn 'e ferwachting dat syn freonskip mei de prins no ryklik beleanne wurde sil. Mar Hal wiist de âld smjunt ôf troch te sizzen dat er him as kening net mear mei soksoarte lju ynlitte kin. De figueren út 'e Londenske ûnderwrâld, dy't miend hiene ûnder Hal syn regear in goudene tiid temjitte te gean, wurde ynstee allegear oppakt en yn it tichthús smiten.
Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. V: Keningsstikken: Kening Richard II, Kening Jan, Kening Hindrik IV (1), Kening Hindrik IV (2), Kening Hindrik V, Kening Hindrik VIII, Drachten, 1965 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.