lânseigen ferspriedingsgebiet yntrodusearre troch de minske as eksoat
De hazze (wittenskiplike namme: Lepus europaeus), om ûnderskie te meitsjen mei oare hazzesoarten ek wol de Jeropeeske hazze, de Jeraziatyske hazze of de gewoane hazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen. Mei njoggen oare hazzesoarten makket dit bist diel út fan it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). It wyfke fan 'e hazze hjit in moerhazze en it mantsje is in raam. De hazze is lânseigen yn in grut diel fan kontinintaalJeropa en teffens yn westlik Aazje. Yn Fryslân komt er hiel algemien foar. Hy liket in protte op 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), mar is grutter en hat langere earen en efterpoaten.
De kop-romplingte fan 'e hazze bedraacht likernôch 50–65 sm en de sturt heakket dêr nochris 81/2–12 sm oant ta. Syn gewicht fariëarret fan 21/2–6 kg. De efterpoaten, dy't er brûkt om him mei ôf te setten, binne folle grutter as de foarpoaten en hawwe in lingte fan 12–16 sm. De lange en tige draaibere earen binne 9–12 sm lang. De hazze is de wylde knyn net wanlyk, mar hat in foarser foarkommen, gruttere poaten en langere earen mei swarte puntsjes dy't wylde kninen net hawwe. Op 'e rêch is de hazze grizichbrún of ljochtbrún en op 'e bealchwitich. yn in heidebiotoop binne hazzen gauris wat dûnkerder fan kleur. De sturt wurdt ûnder it draven sa holden dat de donkerbrune of swartige boppekant te sjen is (wylst de knyn sines omheech hâldt en de wite ûnderkant toant). Hazzen en kninen wurde tsjintwurdich net mear ta de kjifdieren rekkene, al binne se lang wol as sadanich beskôge.
Biotoop
Fan oarsprong libbet de hazze op steppen en yn wat iepener wâlden, mar yn Jeropa hat er him oanpast oan kultuerlânskippen fan sawol lânbou as feehâlderij. De hazze is in skruten bistke en komt net in protte foar yn tichtbefolke gebieten. Rêst hâldt de hazze by foarkar op plakken dêr't wat beskutting is, lykas by hagen, beamwâlen en sleatskanten lâns of yn heger gers of tusken de fuorgen fan ploegeboulân. Ek syn leger, in ûndjip kûltsje yn 'e begroeiïng, makket er it leafst op sokke plakken. Mei't de hazze oer in goede skutkleur beskikt en dêrop fertrout, kin men him faak hiel ticht benei komme sûnder him opmurken te hawwen, oant de moed him ûntsinkt en er ynienen fuortspringt. Yn folle faasje kin de hazze 65 km/h helje.
Hâlden en dragen
De hazze is eins fierhinne in nachtdier, al is er fral simmerdeis ek yn 'e skimer en oerdeis wol op 'e lapen. It grutste part fan it jier libbet er solitêr, mar as yn 'e djoeitiid, dy't fan desimber oant augustus falt, de moerhazzen jachtich binne, wurde se neisitten troch gauris ferskate rammen, dy't inoar dêrby befjochtsje. De moerhazze huft sels trouwens ek fan har ôf, ntl. troch te "boksen" mei de efterpoaten. De draachtiid duorret in 40 dagen, en fan febrewaris oant oktober kin ien hazze wol trijeris smite, wylst eltse smeet bestean kin út 1–5 of inkeldris 6 jongen. Dy jongen wurde behierre en mei iepen eagenberne. Mei likernôch 30 dagen wurde se ôfwûn. Fan 'e jongen stjert 50% yn 'e earste moanne, wylst fan 'e rest de measten net âlder wurde as in jier, ek al kin de hazze yn it wyld yn teory op syn minsten 7 jier libje.
De hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet, mei't it ferspriedingsgebiet grut is en de populaasje oer it algemien stabyl. Likegoed giet de populaasje der yn in protte lannen stadich op efterút, mei't de hazze sjoen wurdt as in skealik bist en sadwaande faak bejage wurdt.
Undersoarten
Der binne 15 (stân fan saken anno 2015) erkende ûndersoarten fan 'e hazze (Lepus europaeus):[1]
Hoffman, R.S., en Smith, A.T., Order Lagomorpha, yn: Wilson, D.E., en Reeder, D.M., Mammal Species of the World (3de edysje; s. 198-199), Boston, 2005 (ISBN 978-0-8018-8221-0).
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.
Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (A.J. Osinga Uitgeverij), ISBN 9 06 06 64 40X.