De hazze-eftigen (wittenskiplike namme: Lagomorpha) foarmje in skift fan de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en de famylje fan 'e fluithazzen (Ochotonidae) ta hearre. Lang hat men tocht dat de hazze-eftigen nau besibbe wiene oan 'e kjifdieren, mar út nij ûndersyk hat bliken dien dat dat sa net is. De earste hazze-eftigen ûntstiene 60 miljoen jier lyn, yn it lette Pleistoseen, en libben yn wat no Sina en Mongoalje is.
Skiftopbou
- skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
|
Boarnen, noaten en referinsjes