De Tempest wie ûntwikkele út de Hawker Typhoon en waard brûkt as jager en as jachtbommesmiter. Op lege en middelbere hichte wie er ien fan de fluchste mei propeller oandreaune jachtfleantugen fan de oarloch. Fanwege syn fluggens waarden syn benammen brûkt tsjin de Dútske strieljager Me 262 en de VergeltungswaffeV1 (fleanende bom). Mei de Tempest waarden in lytse 700 V1's, yn alle gefallen 20 Me 262's en teminsten ien Heinkel He 162 delsketten.
De ferneamde alliearde jachtfleander Pierre Closterman behelle in grut part fan syn súksessen mei dit type.