Harp

Harp

De harp of harpe is in snaarynstrumint dat mei de fingers oantokkele wurdt. De harp is opboud út in langwerpige klankkast dêr't in grut tal snaren op spand binne, elk ferskillend fan dikte en lingte. Elke snaar produsearret mar ien toan: wat langer (en tsjokker) de snaar, wat leger de toan.

Harpen binne der al in pear tûzen jier. Yn de prehistoarje brûkten de lju harren jachtbôgen al as muzykynstruminten, mar dy hiene mar ien snaar. Troch ferskate bôgen efter elkoar te setten koene se mear toanen meitsje. Letter makken se bôgeharpen; bôgen mei mear snaren. De earste 'echte' harpen binne fan sawat 3500 f.Kr. út Egypte bekend.

Pedaalharp en heakjesharp

Krúslings besnare dûbelharp

De Jeropeeske harp út de Midsiuwen wie yn wêzen diatoanysk, krekt lykas bygelyks in doedelsek, wat sizze wol dat er yn ien beskate toanljedder stimd waard. Mei it kommen fan Ars Nova waard it gebrûkliker te mutearjen nei in fiktyf hexachord en dat hold yn dat der soms ferhegings of ferlegings nedich wiene. Yn de fierdere ûntjouwing fan de westerske muzyk naam dat ferlet allinnich noch mar ta. Oarspronklik moast de harpist dan ûnder it spyljen mei de fingers op in snaar drukke en dat wie slim lestich. Al gau waarden in soarte fan heakjes útfûn om dat probleem te ferhelpen en úteinlik bouden se sels dûbelharpen mei twa pear snaren dy't ûnder in hoeke mei elkoar op de klankkast stiene. It bespyljen fan sa'n ynstrumint is lykwols net maklik. Dêrmei drige de harp (krekt as de doedelsek) út de muzikale boat te fallen.

Earst yn de 19e iuw waard in definitive oplossing fûn troch Sébastien Erard; hy fûn de dûbelpedaalharp út dêr't er yn 1810 patint foar oanfrege. De pedaalharp hat njonken 46 of 47 snaren ek 7 pedalen, dy't elk trije stannen hawwe: los, oant healwei yntrape of hielendal yntrape. De harp wurdt stimd yn Ces, wat eins in net-gebrûklike toanaard is, dus mei de toanen Ces, Des, Es, Fes, Ges, As, Bes. Troch in pedaal, bygelyks it F-pedaal, oant healwei yn te traapjen wurde alle Fes-snaren in heale toan koarter makke, sadat de harp yn Ges klinkt: Ges, As, Bes, Ces, Des, Es, F. Binne alle pedalen yntrape dan klinkt de harp yn C: C, D, E, F, G, A, B. Troch no de pedalen noch in stap fierder yn te traapjen wurde de snaren nochris mei in heale toan ynkoarte.

In soad minsken begripe dy wurking better troch as begjinstân alle pedalen oant healwei yn te traapjen. De harp klinkt dan yn C: C, D, E, F, G, A, B. Steane der twa mollen by de muzykkaai, dan wurde de pedalen B en E loslitten. De harp klinkt no yn Bes: Bes, C, D, Es, F, G, A. Steane der trije krusen (krús) by de muzykkaai, dan wurde de pedalen F, C en G sa fier mooglik yntrape. De harp klinkt no yn A: A, B, Cis, D, E, Fis, Gis, A.

Sadwaande kin de harp yn elke toansoart bespile wurde, fan sân krusen oant sân mollen. It seit himsels dat de pedalen ek ûnder it spyljen betsjinne wurde moatte om de snaren te ferstimmen. Mei tank oan dy pedalen waard de harp in ynstrumint dat yn it him ûntjaande orkest fan dy tiid syn partij meispyljen bliuwe koe.

Neist de pedaalharp (konsertharp) wurdt de heakjesharp noch hieltyd bespile, ek wol Keltyske harp neamd. Dy harp hat sa'n 34 snaren en is wat lytser as de pedaalharp. Dy harp is meast stimd yn Es: Es, F, G, As, Bes, C, D. Yn stee fan pedalen hat dizze harp heakjes boppe de snaren, wêrmei't de snaar in stikje ynkoarte wurde kin. Dêrtroch wurdt de toan mei in heal enoat ferhege (bygelyks fan As nei A). Om't elke snaar mar ien heakje hat (wylst in pedaal in snaar twa kear ynkoartsje kin), kin spile wurde yn toansoarten fan Es (trije mollen) oant E (fjouwer krusen). Elke snaar hat syn eigen heakje, sadat der mear heakjes omset wurde moatte by wikseling fan toansoart. Under it spyljen is soks knap lestich en heakjesharpen wurde dan ek benammen brûkt foar folksmuzyk (bygelyks Ierske muzyk) dy't noch op diatoanyske prinsipes basearre is. De heakjesharp is ek populêr as stúdzje-ynstrumint. By in pedaalharp wurde mei ien inkeld pedaal alle lyknammige snaren ynkoarte en ferlinge en dat makket it mooglik sterk modulearjende muzyk te spyljen.

Techniken

Der binne ferskate soarten techniken:

  • Arpeggio, de fingers wurde yn in akkoard pleatst (ferskate noaten tagelyk) en jo spylje se hiel fluch ien foar ien. Dat is typysk wat foar de harp: de namme fan de technyk is fan de namme fan it ynstrumint ôflaat.
  • Glissando, der wurdt mei ien finger ien of mear toanljedders spile, jo gliidzje mei de finger by de snaren del. Dat kin fan boppe nei ûnderen en oarsom.
  • Près de la table, der wurdt tsjin de klankkast oan spile. Sa liket de klank wat op dy fan in gitaar.
  • Flageolet, de wiisfinger wurdt op de helte fan de snaar set en der wurdt mei de tomme spile, sa wurdt de snaar in oktaaf heger en klinkt er hiel oars. As net oars oanjûn is, wurdt de sydkant fan de hânpalm fan de linkerhân meast tsjin de snaar oanholden.
  • Roffelje op de klankkast, dy extended technyk wurdt mar in bytsje brûkt. De komponist Bernard Andrès brûkte dy technyk bygelyks yn La Ragazza, dêr't in hiel soad ferskillende techniken yn brûkt wurde. Ek Dieter Dewilde brûkt dy technyk yn 'Fire'.
  • Bas dans les cordes: der wurdt ticht tsjin de klankkast oan spile, op sawat trijekwart lingte fan de snaar (gewoanwei sjoen: op de helte). Sa klinkt de snaar metaaleftiger.
  • Guon komponisten jouwe ek oan dat mei de neil spile wurde moat. Dat kin mei de efterkant fan de neil wêze (foar glissando's en arpeggio's), mar ek mei de kant nei de palm ta. Soks nimt al wat oefenjen, mei't dy technyk yn it begjin sear docht.

Harpgitaar

In harpgitaar is in hibride tusken in gitaar en in harp. Boppe de gewoane gitaarhals binne in tal frije snaren spand dy't tokkele wurde kinne.

In symboal fan Ierlân

Wapen fan Ierlân

De harp, goud mei silveren snaren op in azuerblauwe eftergrûn, wurdt ek brûkt as it politike symboal foar Ierlân. It waard brûkt om Ierlân te symboalisearjen yn de keninklike standert fan kening Jacobus I fan Skotlân, Ingelân en Ierlân yn 1603 en wurdt sûnt brûkt op alle Ingelske, Britske en relatearre keninklike standerts, hoewol't de styl fan de harpnoch wolris feroare.

It ûnôfhinklike Ierlân bleau de harp as steatssymboal brûken (Great Seal of the Irish Free State en Great Seal of Ireland), en it wurdt brûkt yn it wapen fan it lân, en op de Presidinsjele Standert. It bekende Ierske bier Guinness brûkt de harp ek foar it logo fan it bedriuw, mar yn spegelbyld, en der wurdt ek in bier makke dat Harp hjit. De harp is ek ôfbylde op de Ierske euromunten.

Bekende harpisten en harpistes

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!