De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't teffens bekend is as it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Antiochië, it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Antiochië en Hiel it Easten en de Antiocheensk-Otterdokse Tsjerke (offisjeel, Gryksk: Πατριαρχεῖον Ἀντιοχείας, Patriarcheion Antiocheias, "Patriargaat fan Antiochië"; yn it Arabysk ûnder de namme: بطريركية أنطاكية وسائر المشرق لل روم الأرثوذكس, Baṭrīarkīyyaẗ Anṭākiyyaẗ wa-Sā’ir al-Mašriq li’l-Rūm al-Ūrṯūḏuks, "Patriargaat fan Antiochië en Hiel it Easten foar de Gryksk-Otterdoksen"). Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e (Gryksk-otterdokse) patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten (in titel dy't it haad fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke ek draacht). It is it âldste fan 'e fjouwer histoaryske patriargaten fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, al erkent it it nominale oekumenyske gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel. De tsjerke brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal, en hat likernôch twa miljoen leden.
Hoewol't der gjin offisjele ledetellings beskiber binne, wurdt rûsd dat de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië omtrint twa miljoen leden hat, wêrfan't de grutte mearderheid, likernôch 1,1 miljoen, alteast foar't yn 2012 de Syryske Boargeroarloch útbriek, yn Syrje wenne. Yn Libanon libje sa'n 460.000 Gryksk-otterdoksen,[1] wylst yn 'e rest fan it Midden-Easten miskien noch in 100.000 tahâlde. De rest wennet om utens, benammentlik yn Noard-Amearika, West-Jeropa en Austraalje. It Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika hat likernôch 75.000 leden.