Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje 2020 yn Silverstone op 2 augustus 2020. It wie de fjirde race fan 17 races fan de Formule 1 yn 2020. Hy waard op it Sirkwy fan Silverstone hâlden. De race waard hâlden oer 52 omgongen, op it 5,9 km lange sirkwy foar in raceôfstân fan 306.2 kilometer. De Meksikaanske koereur Sergio Pérez bliek it koroanafirus by him te hawwen, dat hy mocht net meidwaan oan de wedstriid. Pérez syn plak by Racing Point waard ynnaam troch de Dútser Nico Hülkenberg.