Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Austraalje 2015 yn Melbourne op 15 maart. It wie de earste race fan 19 races fan de Formule 1 yn 2015. Hy waard op it Albert Park Circuit hâlden. De race waard hâlden oer 58 omgongen, op it 5,3 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 307,6 kilometer.
Nei in tumultueus foarseizoen wêryn't Marussia in perioade fan finsasjele problemen trochmakken en rêden waard troch ynvestearders, arrivearre it team Marussia yn Melbourne mei in auto dy't de ferplichte crashtests trochstien hie, mar gjin tests foltôge hie. Formule Renault 3.5 searsjes-koereurs Will Stevens en Roberto Merhi waarden oankundige as harren koereurs, wêrby't Merhi in kontrakt foar ien wedstriid ûndertekene. It team naam lykwols net diel oan de trije trainingen en de kwalifikaasje, wat betsjutte dat se ek net meidiene oan de wedstriid op snein.