Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Grutte- of Marijetsjerke (Meppel)

Grutte- of Marijetsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Meppel
adres Hoofdstraat 52
koördinaten 52°41' N 6°11' E
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2024
hjoeddeiske  funksje multyfunksjoneel gebrûk
Arsjitektuer
boujier Sûnt de earste helte fan 'e 15e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28632 [1]
Webside
Side PKN Meppel
Kaart
Grutte- of Marijetsjerke (Meppel)
Grutte- of Marijetsjerke

De Grutte- of Marijetsjerke, ek Alde Tsjerke, is in histoarysk tsjerkegebou yn Meppel (Drinte). Fanwegen brek oan frijwilligers en de hege enerzjyrekken moast de tsjerke troch de PKN-gemeente ôfstjitten wurde. Yn 2022 waard der foar it lêst in tsjinst holden. De tsjerke is neitiid foar 1 euro ferkocht oan in begraffenisbedriuw.[2][3]

Skiednis

De bou fan 'e Grutte Tsjerke sette útein nei't yn de earste helte fan 'e 15e iuw de biskop fan Utert dêrta tastimming joech. De tsjerke bestiet út in goatysk haadskip en in letter oanboud noardlik skip út 1518. De neoklassisistyske eastlike gevel waard nei de útwreiding op kosten fan it mearsidige koer yn 1779-1781 boud. De tsjerke wie de lyts woarn foar it begraven fan 'e minsken en de flier wie earder al trijeris ophege. Nei't de fergrutting fan 'e tsjerke klear wie duorre it net mear lang dat ûnder de Frânsen it begraven fan 'e deaden yn 'e tsjerke ferbean waard.

De toer datearret út de twadde helte fan 'e 15e iuw. De lantearne op it piramidedak is in tafoeging út 1827.

Yn 1796 waard de waach fan Meppel út 1617 by de tsjerke lutsen om as konsistoarje te tsjinjen.

De tsjerkeried fan 'e PKN Meppel makke yn 2019 it plan bekend om de Grutte Tsjerke te keap te setten. De plannen wiene in diel fan de gemeente min nei't sin.[4][5] Yn 2023 waard de tsjerke ferkocht oan in begraffenisbedriuw.

Ynterieur

Ynterieur.

De preekstoel yn 'e tsjerke datearret fan 1696, de lessener mei de houten earn fan 1646, de foet fan 'e preekstoel en it doophek fan 1780-1782.[6] It sânstiennen blêd njonken de preekstoel is noch ôfkomstich fan in alter út de katolike tiid.[7]

Oargel

Sûnt 1713 wurke de Fryske oargelbouwer Jannus Harmannus Kamp út Berltsum oan 'e bou fan it oargel. Nei alle gedachten spile sykte fan 'e oargelbouwer in rol by it feit dat it oargel net troch de keuringen kaam. Yn 1721 ferstoar Jan Hamens Kamp doe't it oargel noch jimmeroan net keurd wie en it wie Frans Caspar Schnitger, dy't it oargel yn it jier dêrop foltôge. It ynstrumint besiet 27 registers ferdield oer haadwurk, rêchposityf, boarstwurk en oanhongen pedaal. Yn 1882 waard it boarstwurk ferwidere en yn 1905 ferhûze de spyltafel nei de lofter kant fan it haadwurk. De wynlade fan it boarstwurk kaam op it plak fan it boarstwurk.

Sûnt 1951 restaurearre Mense Ruiter it oargel. Ek rekonstruëarre de Grinslânske oargelbouwer it boarstwurk. Boppedat foege Mense Ruiter in frij pedaal mei njoggen registers ta. Nei de foltôging fan 'e restauraasje fan 'e tsjerke yn 1968 waard it oargel oplevere. De lêste grutte restauraasje fan it oargel fûn yn 'e jierren 2013-2014 troch de firma Reil plak.

It trijemanualige oargel hat no 38 registers, ferdield oer haadwurk (12), rêchwurk (10), boarstwurk (7) en pedaal (9).[8][9]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Prefix: a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9

Portal di Ensiklopedia Dunia

Kembali kehalaman sebelumnya