Frederik Willem Steenhuisen (Ezinge, 19 desimber 1893 - Ljouwert, 18 april 1969) wie in Nederlânske PvdA-politikus.
Wurkpaad
Steenhuisen waard berne as soan fan lânbouwer Lammert Steenhuisen en Grietje Rosema. Hy sette syn amtlike karriêre útein yn 1910 as folontêr yn Aduard. Hy wie efterinoar amtner op de sekretary yn It Bildt (1913-1917) en Frjentsjer (1917-1918). Hy kaam yn 1918 yn tsjinst fan de gemeente Frjentsjerteradiel as sjef fan de sekretary, fjouwer jier letter waard er dêr gemeentesekretaris.
Yn 1952 folge de beneaming as boargemaster fan dy gemeente, hy waard ynstallearre op 1 july fan dat jier. Dêrfoar hie er lykwols al twa en in heal jier waarnimmend boargemaster west, fanwege sykte fan syn foargonger Wijbren Elgersma.
Per 1 jannewaris 1959 gie er mei pinsjoen, mar bleau yn Frjentsjerteradiel wenjen. Yn 1968 ferhuze Steenhuisen fanwege tebekrinnende sûnens nei soarchsintrum Aldlânstate yn Ljouwert. Dêr stoar hy yn de âldens fan 75 jier, nei fan de trep fallen te wêzen, oan de gefolgen fan in skedelbasisfraktuer.
Steenhuisen wie in folle neef fan Frederik Willem Steenhuisen (1883-1953), boargemaster fan Tytsjerksteradiel.